Habtamu De Hoop oer de doer fan ôfsluten A7: "Dit is ûnakseptabel"

CV fan Habtamu De Hoop © Omrop Fryslân
It is ûnakseptabel dat de A7 der in healjier út lizze sil. Dat seit Habtamu de Hoop. It Twadde Keamerlid hopet dat minister Mark Harbers de died by it wurd foeget, en fol ynset op it reparearjen fan de dyk.
Tiisdei freget De Hoop in debat oan mei minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Want seis moannen tiid om de dyk op te knappen, dat sjit by Twadde Keamerlid (PvdA) yn it ferkearde kielsgat. "Dit is in krúsjale dyk foar it wen-wurkferkear. Dêrom moatte je perspektyf biede oan de regio. En dat bart op dizze wize net."
Sûnt mids desimber is de Prinses Margriettunnel op de A7 ôfsletten, omdat de druk fan it grûnwetter yn ien fan de tunnelsegminten omheech kaam is. Dêrtroch is in gefaarlike drompel yn de dyk ûntstien.
Habtamu de Hoop freget in debat oan
De Hoop reizget út Wommels wei nei Den Haag. "Op de Ofslútdyk fernim ik dat it drokker is as oars. En dêr wurdt in soad oer praat yn myn omjouwing. It is in grutte soarch foar de minsken. Ek omdat se no ekstra útsjen moatte foar al dat ferkear as sy moarns harren bern nei skoalle bringe. Foar de doarpen is de ferkearsfeiligens no in ramp."
Ek ûndernimmers út Noard-Nederlân meitsje harren soargen oer de ôfsluting tusken Snits en De Jouwer. Sy skreaunen in brânbrief oan minister Harbers. Der is begryp foar it feit dat de oerheid oerfallen is troch de omheechkommende tunnelmoat, "mar wat we net snappe, is dat der gjin needoplossing komt, wylst dizze wol mooglik is", sa sizze de ûndernimmers.

50 euro de trajekt

Ek falt der te lêzen dat in kertier fertraging op de hinne - en weromwei miskien net in soad liket, mar dat dit de frachtwein 50 euro it trajekt kostet. Foar in bedriuw as Poiesz Supermarkten is dat lykwols in skeapost fan 1,25 miljoen op jierbasis.
"Ek dat makket de gong fan saken ûnakseptabel", fynt De Hoop. "Boargers en ûndernimmers moatte rekkenje kinne op in fatsoenlike ynfrastruktuer. Boppedat kinst dy net foarstelle dat der ek in healjier foar útlutsen wurde soe, as dit barre soe by de A10 by Amsterdam."
De Hoop oer in earder foarfal yn Seelân
Yn Seelân wie yn 2014 in fergelykber foarfal. Dêr duorre de reparaasje in healjier. "Mar", sa seit De Hoop, "dy brêge stie op sân, en dizze op feangrûn. Dat makket it komplekser. Dat betsjut dat je derfan útgean kinne dat de reparaasje samar langer as in healjier duorje kin."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Habtamu de Hoop
Earder waard der troch it kabinet besunige op Rykswettersteat. Op de fraach oft de Twadde Keamer dêrom gjin bûter op de holle hat, seit er: "Ik fyn it prima dat ik en de PvdA hjirop oansprutsen wurde, mar we moatte net ferjitte dat dit fjouwer kabinetten lyn dien waard. Inisjearre troch de VVD. Wol mei PvdA yn de koälysje, mar der hat tiid genôch west om dat op te knappen."
Fryske eagen rjochte op De Hoop
Nei it fuortgean fan Gert-Jan Segers en Harry van der Molen, wurdt noch mear nei De Hoop sjoen as it giet om it ferdigenjen fan de Fryske belangen. "Mei Harry ha ik in soad oplutsen. It is tige spitich dat er fuort is. It wie in goede folksfertsjintwurdiger. It kin wêze dat der no mear druk op myn skouders komt. Mar gelokkich binne der genôch minsken en partijen dêr't ik mei gearwurkje kin", seit er. "Ik hoopje yn elts gefal dat dizze kwestje yn Fryslân de kommende tiid it petear fan de dei is."
De cartoon fan Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân