UNIS Flyers ferlieze fan Hijs Hokij Den Haag

© Orange Pictures
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe it kompetysjeduel mei Hijs Hokij Den Haag ferlern. Yn de Uithof yn Den Haag waard it 4-1 foar de thúsploech.
De Kanadees Chad Niddery sette Den Haag yn de earste perioade op foarsprong. Jasper Nordemann makke der yn it twadde kwart wol wer 1-1 fan. De beslissing foel úteinlik yn it tredde kwart. Jay Huisman, Justin Evers en Jeffrey Melissant bepaalden de einstân mei harren doelpunten op 4-1.
Mei 34 punten út santjin wedstriden stiet UNIS Flyers no op it fjirde plak yn de BeNe League.