BBB gokt op 6 oant 9 sitten yn Provinsjale Steaten, Wiersma kandidaat-deputearre

Femke Wiersma foar in grôtfolle seal © Omrop Fryslân, Karen Bies
De BoerBurgerBeweging set yn op 6 oant 9 sitten by de kommende Provinsjale Steateferkiezingen. Dat sei listlûker Abel Kooistra freedtejûn op in ferkiezingsgearkomste yn Easterein.
Minsken dy't foar de BoerBurgerBeweging op de kandidatelist steane, presintearren harren op de gearkomste oan harren efterban. Der kamen in soad minsken op de jûn ôf.
Kooistra makke fierder bekend dat Femke Wiersma, dy't op dit stuit beliedsmeiwurker is foar de Twadde Keamerfraksje fan de BBB, harren kandidaat-deputearre is.
Abel Kooistra, listlûker foar BBB yn Fryslân © Omrop Fryslân, Karen Bies
Neffens Kooistra is der ferlet fan in partij as BBB yn it provinsjaal bestjoer. "Wy misse wat praktyske oplossingen hjir en dêr. It hjoeddeistige belied wurdt te sintraal oanstjoerd en dat wolle wy oanpakke." Der binne neffens him genôch betûfte kandidaat-steateleden. Ek foar de wetterskipsferkiezingen hat de BBB goede kandidaten fûn, stelt Kooistra.
It sille benammen de eardere CDA-stimmers wêze dy't no foar BBB kieze, tinkt Kooistra. "Wy nimme gjin wollige taal yn 'e mûle. Wy sizze gewoan wêr't it op stiet en dat is wêr't wy foar stean. Doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch."
De Provinsjale Steateferkiezingen binne op 15 maart. Der wurdt dan in nij provinsjebestjoer keazen, De leden fan Provinsjale Steaten kieze op harren beurt de leden fan de Earste Keamer. Op deselde dei binne ek de ferkiezingen foar it Wetterskip.