Nane 492 keazen as hynder fan it jier op Hynstekeuring

Nane 492 op argyfbyld © Digishots
Nane 492 is sneontemiddei yn it WTC Expo huldige as 'Frysk hynder fan it jier 2022'. Der wiene fjouwer nominearren foar dy titel.
Nane is hjirmei de opfolger fan Boukje C, de merje dy't yn 2021 as hynder fan it jier ferkeazen waard. By de ferkiezing koe troch it publyk stimd wurde en der wie ek in faksjuery dy't stimmen útbrocht. De útslach wie dit jier unanym: it publyk en de sjuery keas Nane 492 as hynder fan it jier.
Nane 492 mei de eigeners, famylje Bouma en kommissaris fan de Kening Brok © Provinsje Fryslân
Nane 492 is fokt troch Jongsma, stiet op stâl Henswoude en is eigendom fan de famylje Bouma. Mei Sybren Minkema oan de leie makke Nane 492 in soad yndruk op de iennige túchwedstriid dêr't er oan meidie.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok spjelde de fersiersels dy't by de titel hearre op. Eigener Germ Aise Bouma wie nei de útrikking út 'e skroeven. "Dit is gewoan fantastysk. We wurkje der hiel lang nei ta. As it sa op syn plak falt, dan jout dat in pikefelgefoel."
Nane wie in publyksfavoryt, dat koe Bouma wol fernimme. "Eltsenien stie der efter. Syn namme hoecht mar sein te wurden en de minsken wurde entûsjast. Der binne net in soad hynders dêr't dat by bart."

Fokker fan it jier

Age en Marieke Okkema fan Sigerswâld, dêr't se stâl De Mersken hawwe, waarden op de Hynstekeuring ferkeazen ta fokkers fan it jier. Okkema waard ferline jier mei Jehannes 484 reservekampioen op de hynstekeuring.