Twa minsken slim ferwûne nei autoûngelok by Jorwert

De auto yn de sleat by Jorwert © CAMJO Media
By in ûngelok op de Arsumerdyk yn Jorwert binne twa persoanen slim ferwûne rekke, dat meldt de plysje. In bestjoerder hat mei syn auto in frou oanriden. De auto bedarre dêrby yn in sleat.
It ûngelok barde om 11.50 oere hinne. De brânwacht fan Mantgum waard oproppen om de auto iepen te knippen. Sa koe ien fan de slachtoffers út de auto helle wurde. Beide belutsenen binne nei it sikehûs oerbrocht.
De Forensische Opsporing Verkeer docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De plysje ropt minsken dy't it ûngelok sjoen hawwe op om harren te melden.