Amber Witte fjochtet mei nulle en tried tsjin de ‘kranksinnige’ fergriemerij fan klean

Amber Witte starte it kleanlabel Free Prisoner © Amber Witte
Puzelje foar folwoeksenen. Sa neamt Amber Witte (27) it meitsjen fan klean foar har label Free Prisoner. Troch te wurkjen mei it zero waste-prinsipe, bedarret mar ien persint fan de stoffen yn de ôffalbak. Witte keart har sa ôf tsjin de 'fast fashion'. "De fergrieming is echt net te leauwen."
Fan moarns betiid oant it fallen fan de nacht is Amber Witte te finen yn har eigen lytse kleanfabryk. Yn dit atelier yn Utrecht stoart de Bakkefeanster har fol fjoer op har duorsume stoffen.
"De studio dy't ik hier, is ûnderdiel fan in briedplak fan keunstners." It atelier is ek har wenkeamer, seit se. Want sliepe docht se yn har Mercedes Sprinter. In sels omboude camper dy't foar it pân parkearre stiet.

Frij yn finzenis

Har wize fan libjen slút oan by de namme fan har kleanline: Free Prisoner. De namme dy't se op har achttjinde betocht. "It hat my altyd tsjinstien dat der in plan klear stiet foar elkenien. In plan dat wy allegearre folgje moatte soenen. Ik gean dêr leaver net yn mei en folgje myn eigen paad. In frij yndividu, fongen yn dizze maatskippij."
Ek wat it meitsjen fan klean oanbelanget, kiest Witte har eigen rûte. It stekt har dat der sa folle klean ûnnedich ferneatige wurde.
Klean fan Free Prisoner © Amber Witte
"Ik rjochtsje my op it tekenjen fan zero waste-patroanen. Dat is in wize fan produsearjen dy't foar in minimale hoemannichte ôffal soarget. Want fan de 400 miljard kante meter tekstyl dat alle jierren produsearre wurdt, wurdt der goed 60 miljard net brûkt. Dat binne fansels skandalige getallen."

Fuort mei polyester

Witte fertelt dat yn it ûntwerpproses in soad fan de stoffen ferlern giet. Mei Free Prisoner makket se dêr in fûst tsjin. De klean fan dizze line binne benammen makke fan himp. In kompostearber materiaal, dat hast folslein ôfbrekber is. Sa hâldt se polyester en mikroplestik bûtendoar.
Dêrneist ûntwerpt se har klean sa, dat minder as ien persint net brûkt wurdt. By de gruttere fabrikanten leit dit persintaazje tusken de 10 à 30 persint, seit Witte.
"Ik ha my bot ferdjippe yn foarmen. It lichem bestiet foar in part út rûningen. Om dy reden giet der by bygelyks it meitsjen fan de mouwen stof ferlern. Dêrom bin ik begûn mei it op 'e nij ûntwerpen. Op in oare wize teare, patroantekenje, drapearje, en mûlearje. Puzelje foar folwoeksenen dus."

Lichemsfoarmen manipulearje

In tradisjoneel jaske of kolbertke kinne je der net fan meitsje. Witte har styl lit har it bêste omskriuwe as rebelsk, stoer, en unyk, wêrby't se benammen kiest foar natuerlike kleuren, 'mei hjir en dêr in read statement'. De pasfoarm is meastal 'oversized'. "Op dy wize kin ik lichemsfoarmen manipulearje. Dat hat my altyd fassinearre."
Witte krûpte op har njoggende al efter de naaimasine. Oantrune troch har mem, dy't doetiids ek yn't spier wie mei nulle en tried. Ek har pake moedigen har oan. "Hy kocht geregeld klean foar my, om my sa te stimulearjen. 'Gean hjir mei troch. Hjir moatst dyn berop fan meitsje', sei er."
Klean fan Free Prisoner © Amber Witte
En dat barde. Witte folge yn Ljouwert in mbû-moadeoplieding, om der dêrnei in hbû-oplieding yn Rotterdam oan fêst te plakken. Sûnt septimber stoart se har op har label. De ferkeap begjint stadichoan op gong te kommen. Witte wit dat se hjir as nije spiler wat geduld by ha moat.

Fast fashion

"Seker fanwege myn soart produkt. De prizen lizze tusken de 100 en 280 euro. Dat is dus djoerder as de measte klean. En neidat je besteld hawwe, fia freeprisoner.com, moatte je efkes twa dagen wachtsje op de levering. Want ik meitsje op bestelling", leit se út.
Oer de hegere prizen: "It giet om de mindset. Je kinne in soad goedkeape klean bestellen bliuwe, mar je kinne der ek foar kieze om fjouwer stikken klean yn it jier te heljen, dy't etysk mear ferantwurde binne en langer meigean. Ast dan sjochst nei hoe't sa'n produkt makke wurdt, dan betellest eins in hiel gewoane priis."
En dat is krekt it spanningsfjild. Neffens Witte binne der wol hieltyd mear fabrikanten dy't sjogge nei it zero waste-prinsipe, mar it kostet harren faak te folle tiid en jild. Alles moat fluch. Want yn de hjoeddeistige konsumpsjekultuer is fast fashion populêr. Oftewol: faak en in soad klean keapje, en dat foar in koarte tiid drage.
By de measten draait it om identiteit en koarte geloksmominten.
Amber Witte oer fast fashion
Yn in soad winkels leit alle moannen in nije kolleksje klear. Neffens Witte is it in hin-en-aaiprobleem. Is der hieltyd nije klean omdat de konsumint dat wol, of keapje minsken it omdat it no ienkear beskikber is? Hoe dan ek, it is in lúksekwestje, seit de Bakkefeanster.
"Hast fansels minsken dy't goedkeape klean keapje omdat se net in soad jild hawwe. Mar by de measten draait it om identiteit en koarte geloksmominten. Dêrom hat in Shein besteansrjocht. In online bedriuw dat alle wiken fan kolleksje wikselet."

Retoernearje fan klean

It retoernearjen fan klean is neffens Witte ek soarchlik. "It is kranksinnich. Elkenien bestelt mar raak. Wylst in flink part fan dy stoffen nei it retoernearjen streekrjocht op de brânsteapel bedarret", seit Witte.
Wêrom't dat bart? "De kosten om in produkt op 'e nij te ferpakken binne soms heger as de produksjepriis. En dus wurdt dy goede spikerbroek ferneatige. Unfoarstelbere fergriemerij fansels." Se bliuwt hoopjen dat it kantelje sil. "Mar ik sjoch it spitigernôch net gau barren. Konsuminten reitsje wend oan gemak en fine it lestich om dat op te jaan."

Fêstberet

Dochs lit se har hjir net troch ûntmoedigje. Sterker, se giet fêstberet troch mei har label. Mei Free Prisoner wit Witte har passy en idealen te ferfrisseljen, en sa sette minsken sels foarsichtich ien foet bûten 'e 'finzenis'.