Teleks: Artikel Eric Hoekstra oer Tsjibbe Gearts van der Meulen yn European Journal of Literary Studies

logo.ensafh

Yn it wittenskiplik tydskrift European Journal of Literary Studies is in literatuerstúdzje opnommen fan de hân fan Eric Hoekstra, ûndersiker by de Fryske Akademy. Hy skreau in artikel oer it koarte ferhaal ‘Britting, de gûchelder – In tobinnenbringen’ (1899) fan de Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824 -1906), dêr’t er fan seit dat it in literêr masterwurk is.

Yn it koarte ferhaal presintearret Van der Meulen in nei’t it liket ûnskuldich tinkskrift oer in frjemdling, Britting, en syn frou, dy’t in skoft yn Burgum, Van der Meulens wenplak, tahâlde. In twadde ferhaalline befettet in tige humoristyske beskriuwing fan kategisaasje troch de dominy fan ‘e pleatslike tsjerke.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *