Ofskied doarpshûs Seisbierrum: doarp is klear foar in nij MFA

Doarpshûs It Waed yn Seisbierrum
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
In ôfskied en in nij begjin: foar it lêst iepene doarpshûs It Waed yn Seisbierrum sneon de doarren. It gebou wurdt sloopt om plak te meitsjen foar in nije multyfunksjonele akkommodaasje. De toanielferiening slút mei in útfiering yn de jûntiid in tiidrek ôf.
It doarpshûs hat der hast fyftich jier stien. Rients de Boer wie der fan it begjin ôf oan by as bestjoerslid en as frijwilliger fan ûnder oaren de soas. "It fielt wol frjemd dat dit de lêste kear is", fynt De Boer.
Hy hat yn de jierren '70 meiholpen de soas op te setten dat al gau in populêr plak waard ek yn de doarpen om Seisbierrum hinne. "Koest oer de hollen rinne." It doarpshûs hie in belangrike funksje, sa fynt hy. "Der wie wer wat te belibjen."
Seisbierrum is klear foar in nij MFC
Ek hjoed-de-dei is der noch hieltyd grut ferlet fan in sintraal plak dêr't minsken inoar moetsje kinne, al sil de foarm yn de nij te bouwen multyfunksjonele akkommodaasje wol wat oars wurde, sa fertelt Jelle Jan Wissmann fan de wurkgroep MFA. "It sil fansels wer de funksje krije fan it doarpshûs, mar ek de gymseal komt deryn foar de skoalle hjirneist. Ek de tsjerken sille hjir plak krije foar harren aktiviteiten, útsein fan de tsjerketsjinsten."

3 miljoen euro

It nije gebou is bedoeld foar de doarpen Seisbierrum en Pitersbierrum. Beide doarpen binne al tsien jier dwaande om it foar inoar te krijen en no is it dus hast safier. It kostet 3 miljoen euro, wêrfan't grutste part troch de gemeente betelle is. Ek de provinsje betellet in part mei.
Lêste dei yn it âlde doarpshûs
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Opfallend is dat ek in grut part út de doarpen sels komt: 1 miljoen euro. "Wy hâlde oan as storein, dat witte se yntusken oant it provinsjehûs yn Ljouwert oan ta."
It nije plak moat yn de rin fan 2024 klear wêze en ynkoarten wurdt úteinset mei de sloop fan it âlde doarpshûs.