Jurre 495 foar de fiifde kear algemien kampioen op Fryske hynstekeuring

Jurre 495 © Omrop Fryslân
De hynst Jurre 495 is algemien kampioen wurden by de jierlikse keuring fan it Frysk Hynstestamboek. Reservekampioen waard Arent 515.
De algemien kampioen waard keazen út de bêste twa jonge en de bêste twa âlde hynsten.
By de âlde hynsten waard Jurre 495 kampioen. Ferline jier wie er noch reservekampioen. Tymen 503 waard reservekampioen yn dizze kategory.
By de jonge hynsten wûn Arent 515. Herre 524 waard dêr reservekampioen. Ferline jier waard Herre 524 algemien kampioen.