Ald-hurdfytser Lieuwe Westra (40 jier) ferstoarn

Lieuwe Westra by de Tour de France yn 2015 © ANP
Ald-hurdfytser Lieuwe Westra is op 40-jierrige leeftiid ferstoarn. Westra wie tsien jier profesjoneel hurdfytser. Syn bynamme wie 'Het Beest', om't er hiel hurd wurkje en ôfsjen koe.
Syn famylje lit witte dat er sneontemiddei oantroffen waard by syn bedriuwspân yn Zwaagdijk (Noard-Hollân). Reanimearje hat net mear holpen. Yn lytse rûnte wurdt ôfskied nommen.
Syn grutste oerwinningen wienen in etappe yn Parijs-Nice, de Ronde fan Denemarken, twa nasjonale tiidrittitels, de Ronde fan Catalonië, de keninginnerit yn it Critérium du Dauphiné en yn 2016 de einoerwinning yn de Driedaagse De Panne.
Yn syn folsleine karriêre ferskynde Westra fiif kear oan de start fan de Tour, hy fytse him trije kear út.
Lieuwe Westra waard berne op 11 septimber 1982 yn Mûnein. As 8-jierrich jonkje stapte hy foar it earst op in racefyts. Oant syn 16de wûn hy in soad wedstriden en benammen yn de massasprints wie hy dreech te ferslaan.

Grut talint

Hy waard sjoen as in grut talint, mar de puber Westra seach dat der ek in wrâld bûten it fytsen wie. Doe't de resultaten wat minder waarden, ferdwûn ek de motivaasje foar it fytsen en luts it stappen hieltyd mear. Lieuwe waard strjitmakker en yn it wykein strúnde hy de hardcorefeesten ôf.
Syn broer Jan Hendrik fytste noch altyd yn de top fan de amateurs yn it Noarden en sadwaande begûn it ek by Lieuwe wer te kribeljen. Nei 7 jier stapte hy wer op de fyts. Hy waard lid by Otto Ebbens en tekene syn earste kontrakt by Krolstone Continental Team. It wie gjin fetpot, mar yn 2007 joech hy syn baan as strjitlizzer op om him folslein te rjochtsjen op it hurdfytsen. Dat jier waard hy twadde yn Olympia's Tour en wûn hy de twadde etappe yn de Tour Alsace.

Kontrakt

Vacansoleil Pro Cycling Team rekke ynteressearre en yn 2009 kaam Lieuwe ûnder kontrakt by dizze ploech.
Syn hurdfytskarriêre siet dernei fiif jier lang yn 'e lift. Hy sette him op de kaart mei oerwinningen yn Parijs-Nice, Tour Tour of California, Ronde fan België, NK Tiidriden en it einklassemint yn de Ronde fan Denemarken.
Benammen 2012 wie in topjier, mei de winst fan de fiifde etappe fan Parijs-Nice en twadde plak yn it algehiele klassemint. Krekt achter Tour-winner en winner fan Olympysk goud, Bradley Wiggins.
Lieuwe Westra (links) en skriuwer Thomas Sijtsma by de boekpresintaasje © ANP
Nei Vacansoleil Pro Cycling Team kaam Lieuwe yn 2014 ûnder kontrakt by Astana, de ploech fan âld-hurdfytser Vinokoerov. Hy hie in grut oandiel yn de oerwinning fan Vincenzo Nibali yn de Tour dat jier. Op de ferneamde kasseierit gie Lieuwe as in bist tekear en sadwaande pakte Nibali sekonden op de konkurrinsje.

Bynamme Het Beest

Lieuwe syn bynamme wie dan ek net foar neat 'Het Beest'. Yn 2018 ferskynde it boek mei dy titel, skreaun troch Thomas Sijtsma.
Falpartijen soargen der ûnder oare foar dat it yn 2015 minder gie mei syn hurdfytskarriêre. Yn maart 2016 wûn er noch it einklassemint fan de Driedaagse De Panne-Koksijde en tekene dat jier noch in kontrakt by Wanty-Groupe Gobert. Mar yn jannewaris 2017 besleat er om op te hâlden mei fytsen. Letter kaam nei bûten dat dat mei in swiere depresje te krijen hie.
Nei syn hurdfytskarriêre wenne hy in skoftke mei syn Australyske frou yn Australië. Yn 2019 begûnen se yn Spanje in akkommodaasje foar hurdfytsers. In aventoer dat nei twa jier ophâlde en einige mei in skieding. Westra kaam doe werom nei Fryslân.
Biograaf Thomas Sijtsma typearret de hurdrider as 'it bist'. "Op en neist de fyts die er de dingen fol oerjefte en ûnfersetlik. Op goede dagen koe er elk ferslaan. En ek as 'knecht' gie er foar syn kopman dwers troch muorren hinne."

Sykjende

Nei't er ophâlde mei fytsen hie Westra it dreech. "Nei't er út Spanje weromkaam, foel er werom yn syn âlde gedrach fan wat er foar syn karriêre die, útgean en it brûken fan drank en drugs. Hy wist net sa goed wat er mei himsels oan moast. Hy wie sykjende en koe net goed syn plak fine yn de maatskippij bûten it fytsen. Sûnder de fyts wie it gewoan hiel dreech foar him."
Sijtsma wol oan Lieuwe, krekt as Westra syn famylje, tinke as 'onverzettelijk en sterk'.
Thomas Sijtsma oer it ferstjerren fan Lieuwe Westra