Winterfytsalvestêdetocht fan start mei in tredde minder dielnimmers

Stimpelpost yn Frjentsjer by de Winterfytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Sa'n 800 fytsers en steppers binne fan 'e moarn betiid ôfset foar de Winterfytsalvestêdetocht. Dat binne 400 minder as ferwachte, want 1.200 minsken hiene har ynskreaun. Dat komt troch it minne waar.
De organisaasje besleat juster al om ekstra maatregels te nimmen yn ferbân mei it waar. Sa binne der ekstra buskes beskikber om minsken dy't ôffalle op te pikken. De minsken dy't wol fan start gien binne, binne neffens de organisaasje goed taret op dizze swiere tocht.
Se binne goed traind en hawwe har klaaid op de omstannichheden. Der is oant no ta noch mar ien persoan útfallen. Dy hie in stikkene fyts. De dielnimmers hawwe it benammen yn it súdwesten fan de provinsje swier: by Starum waait it hurd en moatte se yn 'e wyn fytse. Mar dêrnei krije se de wyn yn 'e rêch en wurdt it in stik makliker.
Simone Scheffer makke dizze bylden fan de dielnimmers yn Harns:
Fytsers yn Harns
De rûte fan de Winterfytsalvestêdetocht is folslein oars as by de Fytsalvestêdetocht op twadde pinksterdei. Dy lêste begjint yn Boalsert en makket in luske. De winterfytsers folgje deselde rûte as by de echte Alvestêdetocht, mei start yn Ljouwert en dan oer Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns Frjentsjer, Dokkum wer werom nei de haadstêd.
Dielnimmers krije gjin ekstra tiid. De fytsers moatte foar tsien oere jûns wer by de finish yn Ljouwert wêze.