De libbensmissy fan aktivist en 'Luchtfietser' Dirk Kuiken

Dirk Kuiken mei syn fyts by it Waad © Ellen Floris
Dirk Kuiken, hikke en tein op It Bilt, is aktivist en hat dêr syn libbensmissy fan makke. Syn fêste, betelle baan as einredakteur fan de Ljouwerter Krante hat er dêr foar opjûn.
Kuiken kaam in pear jier lyn yn it nijs doe't er mei in grutte opblaasbere wrâldbol troch Nederlân fytste. Hy kaam mei noch in groepke aksjefierders oan yn Den Haag, dêr't doe in rjochtsaak wie tsjin Shell.
Dirk Kuiken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It wie in opfallend byld, dat de hiele wrâld oer gie. Dirk ferskynde foar de kamera's fan de BBC en Al Jazeera. Dizze belangstelling brûkte er en hy rjochte mei in maat de 'Luchtfietsers' op, in aksjegroep fan fytsers.

Op de fyts nei Denemarken

Dat fytsen bûtendoar, yn waar en wyn fynt Dirk in moaie wize om te demonstrearjen. Fan 't simmer sille de Luchtfietsers fan Texel nei Esbjerg yn Denemarken fytse, by de waadkust del.
Datselde diene yn 1978 in pear hûndert minsken dy't har soargen makken oer it Waad. No, 45 jier letter, wurdt de tocht nochris oerdien om mei de dielnimmers fan doe te praten oer wat de tocht úthelle hat mei it Waad en mei harsels.
It Waad, mei Dirk Kuiken © Ellen Floris
It is net sa frjemd dat Dirk Kuiken it ferlet fielt om aksje te fieren. "Ik kom út in read nêst. In foto fan Domela Nieuwenhuis hong by ús oan de muorre."
Dirk Kuiken fertelt oer syn aktivisme, syn tinkbylden en syn komôf yn it radioprogramma Buro de Vries.
Aktivist Dirk Kuiken oer syn libbensmissy
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.