Provinciaal Belang Fryslân: "Niet iedereen voelt zich thuis bij de FNP"

Ferkiezingsboerd fan de FNP © Omrop Fryslân
"Lokaal is een sterk merk en met een netwerk van veertien lokale partijen gaan wij, als Provinciaal Belang Fryslân (PBF), voor een provinciale politiek van onder op", sei Sandra de Jong-Snip, listlûker fan dizze partij yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
"De kracht zit hem in het lokale, ons partijprogramma heet dan ook: Lokaal eerst! Gebundelde gemeentelijke krachten zorgen er voor dat we ook provinciaal sterk staan", sei de listlûker. "De provincie vergeet de gemeenten nog wel eens. Bovendien zijn die onderling ook weer heel verschillend. Wat op Vlieland gebeurt, is niet vergelijken met wat er bijvoorbeeld in Smallingerland speelt. Onderwerpen als de woningbouw moet je dan ook altijd lokaal bekijken en dat is precies wat wij doen", stelt De Jong.

Lokaal woartele

"Wy binne al sa lang't we bestean lokaal woartele", reagearre Jan-Willem Tuininga, FNP-riedslid yn Ljouwert. "Dat sil dalik ek wol blike by de ferkiezingen. Ik tink dat wy ien fan de grutsten wurde, as it al net dé grutste fan Fryslân is. En dan kin PBF wol wize op de gearwurking fan gemeentebelange-partijen, mar de grutste - dy fan Ljouwert - sit net iens yn harren federaasje!"
Jan-Willem Tuininga, Sandra de Jong-Snip, Hayo Bootsma © Omrop Fryslân, René Koster
Neffens De Jong sil der yndie in soad punten fan oerienkomst wêze mei de FNP, mar dat is dat gjin reden om net selsstannich mei te dwaan: "De FNP is geen partij waarbij iedereen zich thuis voelt."

Grutte tema's

Omrop-sjoernalist Hayo Bootsma wiisde op de fersplintering dy't it heljen fan politike doelen dreger makket. "Om wat te berikken, hawwe jo folume nedich. Seker no't by de kommende steateferkiezingen sokke grutte tema's op it spul stean. Der sille bygelyks radikale keuzes wurde makke yn de lânbou-transysje. Hoe gean we om mei stikstof en wa moat it belied útfiere?"
Provinciaal Belang Fryslân fielt him op dat mêd it meast belutsen by de boeren. Foar de Boer Burger Beweging binne se net benaud. Neffens Sandra de Jong-Snip is dat in lanlike partij mei in prima politika oan it stjoer, "Maar lokaal zou je zo maar het zelfde effect kunnen zien als vier geleden met Forum voor Democratie, dat al snel helemaal uit elkaar viel. Wij zijn al lokaal actief en hebben ons in die zin allang bewezen."
Fragmint út it Nijsfoarum
It hiele Nijsfoarum is as podcast te hearren.