Winner Lytse Aaipop bekend; iennichste opjefte kriget plakje op haadpoadium

Aaipop (argyffoto) © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De 23-jierrige Jesse van Dijk út Nijlân is de winner fan Lytse Aaipop wurden. Dêrmei fertsjinnet er in plakje op festival Aaipop. Folle hoegde hy der lykwols net foar te dwaan, hy wie de iennichste opjefte.
Foar in protte minsken is winner Jesse van Dijk in ûnbekende yn 'e muzykwrâld. Hy is lykwols al jierren belutsen by Aaipop as frijwilliger by sawol de op- as ôfbou. Doe't hy yn 'e gaten krige dat der ein novimber nocht altyd gjin opjeften foar Lytske Aaipop wienen pakte hy syn kâns en joech himsels op.
De sjuery fan de muzykstriid koe dizze aksje wol wurdearje en rôp Jesse dêrom al foar de wedstriid út as winner fan Lytse Aaipop 2023.

De talintejacht soe eins plakhawwe op 21 jannewaris, mar hoecht no net troch te gean.
Aaipop is dit jier op Peaskemoandei (10 april) en begjint om twa oere middeis oant tsien oere jûns. De kaartferkeap begjint 23 jannewaris.