Ald-bewenners camping Hanestede dizze wike yn rjochtbank tsjinoer nije eigeners

Skea oan in caravan op camping Hanestede © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Tiisdei stiet in groep fan seis âld-hierders fan de eardere camping Hanestede yn Noardwâlde yn de rjochtbank tsjinoer de nije eigeners. Neffens de kampearders is it opsizzen fan harren hieroerienkomst juridysk sjoen net korrekt bard. Fierder wolle se in skeafergoeding ha foar fernielings oan harren caravans.
In brief fan de nije eigeners fan camping Hanestede, op 17 jannewaris fan ferline jier, soarge by in groep fêste gasten fan de famyljecamping foar grutte argewaasje. Sa'n 120 húshâldings rekken harren fêste steanplak kwyt, doe't de nije eigeners de ferhier fan al dy plakken opseine.
Tiisdei steane seis âld-bewenners fan camping Hanestede yn de rjochtbank tsjinoer de nije eigeners
De besitters fan in steancaravan waard frege om harren plak foar 1 april leech op te leverjen. Wa't dat die krige 'uit coulance' in fergoeding fan sa'n 1.500 euro. Wa't net foar 1 maart op it opsizzen fan de hier reagearre, koe juridyske stappen ferwachtsje.

Terrein leit der ferlitten en fertuteaze by

Yntusken stiet der hjir en dêr noch in lege caravan op it terrein fan de eardere camping. De ruten binne der faak útslein, it glês leit ferspraat troch de caravan. Neat jout de yndruk dat de nije eigeners it ôfrûne jier wat dien ha op it terrein. En dat wylst hierders der begjin ferline jier sa rap ôf moasten.
Hennie Hospes © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Ien fan de seis minsken dy't meidogge oan de rjochtsaak is Hennie Hospes fan Ljouwert. Sy stie 33 jier op de camping. "Het waren onze vakanties, elk jaar weer. Het is in- en intriest. Wat hadden we het hier nog mooi kunnen hebben. We moesten er als een gek af, maar er is niks gebeurd. Ze doen helemaal niks."
Hospes wol mei de rjochtsaak in sinjaal ôfjaan: "Dit zijn geen campings waar mensen met veel geld zaten. Die zijn hun vakantie kwijt. En ik weet wel dat het onmogelijk is om deze camping terug te krijgen, maar je weet niet wat zo'n rechtszaak oplevert. Misschien zegt de rechter wel dat dit helemaal niet mag. Voor andere campings kan je zo nog wat betekenen misschien. En we laten de nieuwe eigenaar zo nog even weten dat ze niet zomaar van ons af zijn."
In lege caravan © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"We wolle in petear mei de nije eigeners", seit ek Pier Vanderplaats fan Warkum. Ek hy stie jierrenlang fol wille op Hanestede mei syn caravan. Dy stiet der noch hieltyd, mar de ôfrûne moannen ha fandalen en it waar de boel der net fraaier op makke. "Wy wolle witte wat de plannen binne mei de camping."
Pier Vanderplaats © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Om de skea oan syn caravan te fergoedzjen, wol Vanderplaats in skeafergoeding fan de rjochtbank. Hoe heech oft dy wêze moat? "Dat lit ik oan de rjochter oer. Dêr giet it ek net iens sa bot om. It giet derom dat wy min behannele binne. Ik wol dat de rjochtbank dêr ek benammen nei sjocht."

Reaksje nije eigeners

De nije eigeners fan de camping litte op advys fan harren advokaat witte dat se harren net útlitte oer de rjochtsaak. Wol sizze se dat se drok dwaande binne mei harren plannen foar de camping en gau begjinne wolle mei de realisaasje dêrfan.