Minister Kuipers bliuwt derby: twa bernehertsintra moatte ticht

Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens © ANP
Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens bliuwt by syn stânpunt dat er yn de takomst mar twa bernehertsintra wol. Hokker twa sintra dat wurde, wol hy uterlik 1 april beslute.
Kuipers hat de akademyske sikehuzen frege om te helpen by de kar. Kuipers hat dêrfoar de Nederlandse Federatie van Universitair Medische Centra frege om mei in foarstel te kommen. De minister hopet dat de akademyske sikehuzen dus sels de ympasse trochbrekke kinne.
Op dit stuit binne der fjouwer sintra fan akademyske sikehuzen dêr't bern mei in oanberne hertôfwiking behannele wurde: Grins, Rotterdam, Utrecht en in gearwurking fan Amsterdam en Leiden.
De bernehertsjirurgy yn it UMCG yn Grins is ek fan belang foar Fryske bern. Hilly Linstra fan Drachten, dy't sels in dochter mei hertoandwanings hat, sammele 262.000 hantekeningen. In noardlike ôffeardiging hat de hantekeningen oanbean yn Den Haag.
Hilly Linstra mei de petysje yn Den Haag © Omrop Fryslân
Alden en pasjinten út de noardlike provinsjes soenen yn de takomst lange ôfstannen ôflizze moatte om goede soarch te krijen as it sintrum yn Grins tichtgiet.

Minister negearret NZa

Kuipers wie yn 't earstoan, krekt as syn foargonger Hugo de Jonge, fan doel allinne de sintra yn Rotterdam en Utrecht iepen te hâlden. Dochs wachte hy in ûndersyk fan de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) ôf.
De NZa stelde foar om langer nei te tinken, mar dêr wol de minister net yn mei. Noch langer neitinke is neffens de minister fanwegen 'de urgentie van dit onderwerp' net winsklik. De diskusje oer de sintra spilet al sûnt 1993.
Kuipers sels is foar in konsintraasje fan spesjalistyske soarch, dat soe better foar de kwaliteit wêze. De NZa warskôge lykwols dat it sluten fan sintra ek gefolgen hat foar de intensivecaresoarch foar bern en de akute soarch yn regio's. De autoriteit pleite foar in yndieling yn in noardlike- en súdlike regio, mar dat hawwe pasjinte-organisaasjes leaver net.
De Steatefraksje fan de FNP hat yntusken fragen steld oan it kolleezje, om te fernimmen wat de deputearren dien hawwe om it sintrum yn Grins te behâlden. Ek wol de fraksje witte wat der út de oerlizzen mei de oare noardlike provinsjes kaam is. De FNP hopet dat provinsje Fryslân druk útoefenet op de minister.