De toan fan Henk van der Veer: "Sneker Filmwinter"

Henk van der Veer © Omrop Fryslân
"Donderdach anstaande mach ik de Sneker Filmwinter opene. 'Hestou dêr ok al ferstaan fan?' Ik beantwoardde bovenstaande fraach met: 'Ik hew der gyn ballen ferstaan fan!' Mar ik kan ok gyn eiers lêge. Ik bin gyn kyp, mar dêrom fyn ik un sachtkookt eike op un stukje roggebroad wel lekker.
Ger de Boer en Klaus Boonstra al sinds jaar en dach de groate stimulatòrs fan de Sneker Filmwinter froegen mij un antal maanden leden òf ik de openingsspeech foar myn rekening nimme wú. At sukke entûsiastelingen dy frage dan sêge je nyt fan 'nee'. Klaar.
De toan fan Henk van der Veer
Wel hew ik úteraard even fraagd wat se nou presys fan mij ferwachte, want der hoeft donderdachavend nyt un lintsje deurknipt te wurden.
"Dou machst ut helemaal op dyn eigen manier doën", seiden beide mannen.
Dêr foël ik mij dan wel wear joppech bij, want sulang't je je self bliëve kanne dan mut su'n opdracht altyd lukke. Ik sal donderdachavend dêrom ok un fers foarleze dat over de bioskoop gaat, want as dichter bin ik mij ut meast my self.
Ut betreffende fers hangt ok nòch us moai inlijsten met un foto fan Paul van Goor boven myn bêd. Dat ik kan ut wel drome:
Petticoatmeiskes
sundachmiddachs
stonden wij op Leeuwenburch
-snòtbongels met'e hannen
in'e búse-
keken oans de ogen út
hoe't petatnoazems
de rôze gele pearse
petticoatmeiskes
fersierden
ferdwenen op
klaarlichte dach
in ut dústere gat
fan de Amicitia
achter ut ronde
gaatsjesglas
ferkocht su'n fette pukkelkòp
met brilcreamhaar
allienech mar kaartsjes
an lui boven de achttien
Toepasselek fers, fòlgens mij om tidens su'n gelegenheid foar te lezen. De Sneker Filmwinter wurdt dit jaar foar de elfde kear òrganiseard en de òrganisasy het al dy jaren un warm onderdak fonnen bij CineSneek.
Dat echte Snekers ut nòch altyd over Amicitia hewwe dat fyn ik dan ok puur nòstalgy. Dy minsen fan CineSneek binne ferrekt sympatieke lui en ferdiëne ok búten de Sneker Filmwinter om folle salen. Gelukkech las ik oulopen week dat ok hier de besoekersantallen wear in'e lift sitte.
Myn liefde foar film begon trouwens al op jonge leeftyd, toen Jelle Postma mij op woënsdachmiddagen froech om met te gaan naar ut Kleinzaan in Sneek. Dêr in ut gebou fan Aere Perennius, as ut mij nyt mist, wurdden dan altyd cowboy- en indianefilms draait deur de aktiviteitekommissy fan ut Leger des Heils. Ut naaide der út as oud smoar, mar nyt earder dan dat we Daar ruist langs de wolken songen hadden.
Su gek sal ut donderdachavend wel nyt gaan, mar dat de elfde Sneker Filmwinter opend wurde sal, dat is na twee jaar korona ellende seker. Ik bin blij dat ik dat doën mach. Ut filmfestival is fan 19 tòt en met 22 jannewary."