Plysjeburo Moleneind Drachten útwreide om mear teams te húsfêstjen

In ympresje fan it plysjeburo nei de ferbouwing © Plysje
It plysjeburo oan it Moleneind yn Drachten wurdt útwreide. Dêrmei moat it buro ûnderdak biede oan nochris twa teams. Troch meardere teams op ien plak te bringen, kin de plysje úteinlik jild besparje.
Op dit stuit meitsje it basisteam East-Fryslân en de resjerzje al gebrûk fan it kompleks. Mar it is de bedoeling fat dêr ek it Team Ferkear (ôfdieling Ynfrastruktuer) en in team fan de Dienst Regionale Informatieorganisatie (DRIO) hinne ferhúzje.
Om dat mooglik te meitsjen krijt it plysjeburo in nije yndieling en moat der yngreven ferboud wurde. De bou begjint dizze maitiid en soe in jier letter klear wêze moatte.
Op it binnenplak wurdt de hjoeddeiske parkeargaraazje útboud en der komme nije carports. Mei de ferbouwing bliuwt it pân gewoan berikber foar besikers. Fierder wurdt it kompleks duorsumer en komme der sinnepanielen op it dak. It lêste team moat yn 2027 ferhúzje, sa is de bedoeling.