Giny Bastiaans

Treastplak

logo.ensafh

Der giet hast gjin dei foarby dat der net ien freget: ‘Bist al wat thús yn ’e stêd? Bist ek ûnwennich?’ De earste moannen kaam fuortdaliks myn antwurd: ‘Eh nee juh!’ En dan wie it stil. Gjinien koe him yntinke dat ik net ûnwennich wurde soe fan myn wâldhúske bûten, yn in lyts doarp. Mar as bern opgroeid yn ’e stêd fielde ik my hjir samar thús. Ik rin moarns betiid troch de smelle strjitsjes. Snits wurdt wekker. En by de bakker rûkt it nei bôle. Hearlik.
En earlik, mei de waarmte om my hinne fan in leaf persoan, de drokte fan it ferhúzjen en alles wat dêrnei kaam, hie ik ommers ek gjin tiid om ûnwennich te wurden.
Earlik wier noait ûnwennich?
Ach, ja wis wol. Fan in tal minsken.
Ferline wike noch, tocht ik: Wat soe ik no graach wolle dat freondin J. hjir ynienen de keamer ynkaam. Mei dat ûndogenske glimke om ’e mûle.

Dat sil ik nea belibje. Want in skoftke lyn ha wy foargoed ôfskie fan har nimme moatten. Yn har lêste wiken ha ik by har west om har libbensferhaal, sa as sy dat fertelle woe, op te skriuwen. Dat soe ik dan foarlêze op de kremaasje.
Se hat in hiel soad yn har libben meimakke. Soan ferûngelokke. Man ferlern. Soarch om har oare soan. Sykte en pine hawwe har pleage. Dêr koe se mei in soartemint fan galgehumor mei omgean.
En altyd wer kaam se oerein, gie se de striid oan. Sterke frou.
Wat mis ik dat mins, ferdoary.
Hie se der noch west, soe ik har dit hûs sjen litte. Fertelle oer de plannen dy’t wy ha, de aktiviteiten dy’t wy dogge.
Wat soe se dan sein ha?
‘No, jim wachtsje dúdlik net efter de geraniums oant jim omfalle.’
En dan: ‘Wat in soad ruten hjir! Hast dy foar de keap wol realisearre datst dy no en dan allegear himmelje moatst? Of litst dat troch dyn nije fint dwaan?’
Ik bin der wis fan dat se my letter opbelle hie. Om in goeie tip te jaan, of om dingen te regeljen. ‘Moatst ris lústerje, ik tocht sa..!’

Op in middei kaam ik by har om it lbbensferhaal, dat klear wie, foar te lêzen. Se woe graach hearre hoe’t dat klinke soe, op har begraffenis.
Dy middei sei se dat se net mear koe, te folle pine hie. Dat se frege hie dyselde dei noch eutanasy te krijen. Earder as ôfpraat. Doe’t de dokters kamen en har keamer fol minsken rûn, ha ik ôfskie naam. ‘Tank foar alles!’ sei se, en joech my in tút.
Ik wie krekt thús doe’t de tillefoan gie. Har nûmer. Ik skrok. Wie it no al dien?
Sy wie it sels.
‘Hast fan ’e middei myn gedicht net foarlêzen,’ sei se. Se prate hastich. ‘Hiest dat ferjitten?’
‘Dat net,’ sei ik, ‘mar it is der net mear fan kaam. It leit klear.’
‘Dan is it goed,’ sei se tefreden. ‘Ik tocht, ik moat dy mar efkes belje, want ik wol wis wêze datst it dochst.’
‘Jou dy no mar del,’ sei ik, ‘meitsje dy klear foar de reis.’
‘Doch ik. Oant sjen.’
‘Goeie reis.’

Wêrom’t ik sa wiis mei har wie? En sy mei my?
We seagen elkoar net iens sa hiel faak. Dochs hienen wy in sterke bân. En dat kaam benammen omdat we altyd ûnferwachte foar elkoars noas stienen, krekt op it goede momint. Se hat no gjin treast mear noadich. Mar der binne mominten dat ik har opsykje wol. As se in grêf hie, soe ik dêr in blomke bringe. Mar se hat gjin grêf. Se is útstruid. Troch har soan.
Ik rin no en dan lâns it grêf fan har man en har soan. Dêr leit se dus net. Wêrom net? Wêrom woe se útstruid wurde? Wêrom wol in mins útstruid wurde? As in fearke op ’e wyn …
As ien dy’t je dierber is, útstruid wurde wol, dan silsto dêr oan foldwaan moatte omdat de winsk fan in ferstoarne hillich is. Mar hoe fielt dat? Kinst it eins wol?

Hoe’t ien syn of har begraffenis regelje wol, moat elkenien sels witte. Dat is hiel persoanlik. En dêr kom ik net oan. Mar ik wit wol hoe’t ik dêr no sels yn stean. Dat ik dat nea dwaan sil. Ien ferstruie. Want ik soe dat net kinne. Ien ferstruie. As in fearke op ’e wyn. Fuort. Wei. Nada. Niente. Inkeld de oantinkens.
Ik wol ien dy’t my dierber is, opsykje kinne.
En wer sa tichtby fiele as op de begraffenis. Mar dan sûnder dy alles ferskuorrende pine. Oait is dat sa. Sûnder dat dizige gefoel fan dat it net wier wêze kin. En fol leafde, yn alle rêst en mei waarmte, oan ien weromtinke. Oantinkens ophelje.Op in plakje dêr’t it rêstich is.

De bern ha my dat helder foar eagen holden: ‘Mem, lit ús no dat grêf regelje, dat wy yn it doarp in plakje ha om yn alle rêst te betinken hoe moai wy it as húshâlding mei elkoar hân ha. Dat wy in treastplak ha.’
Sa is it.
In mins is noait te âld om te learen.

 

4 reaksjes op “Treastplak

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *