Boukraan by skoalle yn Arum foel wierskynlik troch sinkgat: "Gelokkich goed ôfrûn"

De boukraan foel flak neist it gymnastyklokaal fan De Oanrin yn Arum © Eigen foto
By de nijbou fan basisskoalle De Oanrin yn Arum is in boukraan omfallen. Dat barde nei alle gedachten trochdat sân ûnder de kraan fuortspield wie. It gefaarte miste op in hier nei it gymlokaal fan de skoalle, dêr't op dat stuit fyftjin bern fan groep acht wienen.
De skoalbern binne yn sân hasten nei bûten ta laat. Net ien rekke ferwûne, mar de skrik by likegoed de bern as de learkrêften wie grut.
De boukraan stie by de basisskoalle fanwegen nijbou, dy't yn oktober begûn. De nijbou wurdt útfierd troch Dijkstra Draisma. De boufakkers op lokaasje wienen ek bot skrokken troch it omfallen fan de kraan, seit Jan Kamminga fan it boubedriuw. "Gelokkich is it goed ôfrûn."
De omfallen boukraan © Marije Nadema
Neffens in ûnderwizeres koe de kraanmasinist foarkomme dat de kraan boppe-op it gymlokaal bedarre. "Wûnder boppe wûnder binne der gjin ûngelokken bard", seit Kamminga.
Hy tinkt dat de swiere reinfal fan de ôfrûne dagen te krijen hat mei it omfallen fan de kraan. "Wierskynlik is troch al it wetter dat der kommen is yn de lêste fjouwer dagen earne in 'sinkhole' ûntstien. It sân is fuortspield ûnder de stimpeling fan de kraan. We tinke dat dat gebeurd is."
It wie de wurklju net opfallen, fertelt Kamminga. "We ha it net sjoen. Der is wol hieltyd om de kraan hinne rûn. Se hâlde it wol yn de gaten. Mar it gebeurt op in gegeven momint en dan is it al safier."
De stikkene kraan wurdt fuorttakele © CAMJO media
Neffens Kamminga komt sa'n ûngelok hast nea foar. "Ik sit 44 jier yn de bou en ik ha it noch noait meimakke." De skea oan de kraan is grut, mar dy wurdt fergoede út de fersekering, seit er.
De boukraan wurdt demontearre en tiisdei ferfongen troch in oare kraan, sadat de wurksumheden oan de nijbou wer fierder kinne. It wurk moat takom jier jannewaris klear wêze.