sc Hearrenfean hat nije klaaikeamers en foldocht dêrmei oan UEFA-easken

Ferry de Haan yn de klaaikeamer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Sûnt de jierren 90 wiene de boksen al net mear feroare, mar sc Hearrenfean hat lang om let de klaaikeamers by de tiid brocht. De klup foldocht dêrmei oan de easken fan de UEFA.
De nije klaaikeamers binne grutter en profesjoneler. Foarhinne sieten de klaaikeamers fan beide teams njonken inoar, mar no sitte sy yn in aparte fleugel.
Teams as Jong Oranje meie no bygelyks ek wedstriden spylje yn it Abe Lenstra Stadion. "Het zijn plannen voor de verre toekomst, maar we gaan kijken of we landenteams naar het stadion kunnen halen", seit technysk manager Ferry de Haan.
sc Hearrenfean hat nije klaaikeamers en dy sjogge der sa út
Mei de nije klaaikeamers wol sc Hearrenfean oan de eigen ambysjes yn 'e mjitte komme, seit De Haan. "We willen structureel in het linker rijtje van de eredivisie terechtkomen. Daar hoort ook een professionele kleedkamer bij."
De fraach bliuwt wêrom't it sa lang duorre hat om de klaaikeamers te fernijen. "Dat weet ik zelf ook niet. Feit blijft wel dat we nu een inhaalslag gemaakt hebben. Als je nieuwe spelers binnen wilt halen, dan moet je ook achter de schermen alles voor elkaar hebben. Dat hebben we nu."
De klaaikeamer fan SC Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort