Suksesfolste útstjoering ea fan de Hynstekeuring by Omrop Fryslân

Hynstekeuring © Omrop Fryslân
Hast 160.000 minsken hawwe sneon de útstjoering fan de Hynstekeuring folge by Omrop Fryslân. Dêrmei is dizze edysje fan de Hynstekeuring de suksesfolste ea foar Omrop Fryslân.
De measte sjoggers stimden ôf op telefyzje, yn totaal wienen dat sa'n 138.000. Fia de online kanalen kamen dêr nochris sa'n 20.000 sjoggers by. Benammen tusken 15.00 en 18.00 oere stimden minsken manmachtich ôf op de Hynstekeuring.
Ofrûne tongersdei en freed stjoerde Omrop Fryslân fia in livestream de besichtiging fan de jonge hynsten út. De livestreams dêrfan binne yn totaal mear as 40.000 kear besjoen troch minsken oer de hiele wrâld.
Nynke Bouma en hynder fan it jier Nane 492 © Digishots
Nij dit jier wie de livestream mei Spaansk kommentaar. Ek de oare talen binne goed besjoen, benammen út de Feriene Steaten en Kanada wei wie dêr in soad animo foar.

Tûzenen berjochten

Dat de Hynstekeuring populêr wie ûnder it publyk die wol bliken út de berjochten dy't massaal ynstjoerd waarden. Yn totaal krige Omrop Fryslân 3.900 berjochten fan hynsteleafhawwers.

Friesian Proms

Op freedtejûn stjoerde Omrop Fryslân de Friesian Proms út fia in livestream. Sneins wie in kompilaasje dêrfan te sjen op telefyzje. Mei-inoar waard de showjûn dêrmei sa'n 100.000 kear besjoen.
Alle útstjoeringen fan de Hynstekeuring 2023 binne hjir werom te sjen. It telefyzjeprogramma HEA! stiet dizze wike ek noch yn it teken fan de Hynstekeuring. Op tiisdei 17, woansdei 18 en tongersdei 19 jannewaris sjogge we yn trije reportaazjes werom op de keuring en de Friesian Proms.