Noed oer takomst garnalefiskerij en fiskôfslach Lauwerseach: "Is dit de doodsteek?"

Garnalefisker op de Noardsee boppe de Waadeilannen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De garnalesektor wit net wêr't it oan ta is no't der grutte problemen binne mei it krijen fan de needsaaklike natuerwetfergunning. As yn it slimste gefal der gjin of mar in lyts bytsje garnalen oanfierd wurdt, kin dat de fiskôfslach yn Lauwerseach de kop kostje, warskôget direkteur Barbara Holierhoek.
De garnalefiskers fiskje no feitlik sûnder jildige natuerwetfergunning, mar it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit sjocht dat offisjeel njoggen moannen lang troch de fingers. Dy tiid kin brûkt wurde om mei subsydzje de motoaren sa oan te passen dat sy foldogge oan nije stikstofnoarmen.
Fyftjin natuerorganisaasjes driigje oan dy konstruksje in ein te meitsjen. Sy hawwe in saneamd hanthaveningsfersyk yntsjinne by it ministearje, omdat der hieltiten mear oanwizingen binne dat de garnalefiskerij gefolgen hat foar de natuer yn de Waadsee. Yn sa'n Natura2000-gebiet mei dêr gjin twivel oer bestean.
Garnalefiskers ha noed oer takomst
"De garnalenvisserij vist weliswaar over de bodem, maar dat is met rubberen klossen", seit Holierhoek. "Die rollen eigenlijk over de bodem. Vissers hebben echt wel de overtuiging dat ze geen kwaad doen aan het bodemleven."

Past by it Waad

De natuerorganisaasjes sizze ta te wollen nei in situaasje wêrby't de fiskerij past by wat it Waad oankin. Dat moat yn in nije fergunning fêstlein wurde. Mar as harren hanthaveningsfersyk honorearre wurdt en der is noch gjin nije fergunning, dan hawwe de fiskers wol skippen en ark, mar gjin mooglikheid om te fiskjen.
Oft it ek safier komt, is fansels net wis. Yn it slimste gefal kin it grutte gefolgen hawwe, seit Holierhoek. "Als alles op de kop verkeerd komt, dan is het inderdaad zo dat we veel minder garnalen aangevoerd krijgen hier op Lauwersoog. En dat terwijl onze omzet voor een groot deel wordt bepaald door garnalen."
"En dan ga je kijken waar je op kan bezuinigen", ferfolget se. "Het personeel of het gebouw? En moeten we wel doorgaan? Want kan het nog wel uit?"
Je kan je inderdaad afvragen of dit de laatste doodsteek wordt voor de visafslag Lauwersoog.
Barbara Holierhoek
Der binne minsken dy't al mear as fjirtich jier foar de ôfslach wurkje, seit Holierhoek. "Die hebben eigenlijk die markt enorm zien veranderen en de vloot zien verdwijnen. Je kan je inderdaad afvragen of dit de laatste doodsteek wordt voor de visafslag Lauwersoog."

"Handen in het haar"

De problemen stean net op harsels, seit Holierhoek, dy't ek jierren lang foarsitter wie fan de fiskersorganisaasje Hulp in Nood. "Er is de afgelopen jaren een uitkoopregeling geweest. Daarmee zijn ook flink veel vissers uitgekocht. Er zijn ook heel veel gebieden gesloten voor de visserij in de Waddenzee en de Noordzeekustzone."
"Je kan je voorstellen dat de vissers met de handen in het haar zitten en roepen: houdt dit dan nooit op en wordt het dan nooit eens duidelijk wat ik mag en wat ik niet mag? En kan ik überhaupt wel doorgaan met mijn bedrijf."