Finansjeel ekspert Adine Faber-Versluis wint Vrouw in de Media-award Fryslân

Adine Faber-Versluis © Chantal de Baar
Finansjeel ekspert Adine Faber-Versluis fan Kollumersweach krijt de Vrouw in de Media-award 2022 yn Fryslân. Se is oprjochter fan it platfoarm LekkerLevenMetMinder.nl en de Money Mind Academy.
De Vrouw in de Media-award is in inisjatyf fan ekspertdatabase Vaker in de Media en sprekkersburo ZijSpreekt. Mei de award wolle de organisatoaren froulike eksperts en rolmodellen oanmoedigje om sichtber yn de media te wêzen. Boppedat wurde redaksjes oproppen om se faker in poadium te bieden.
Adine Faber-Versluis krijt de priis © Omrop Fryslân
Faber-Versluis set har yn foar finansjele bewustwurding en finansjele frijheid ûnder froulju. Dat docht se, seit de sjuery, troch jildsaken praktysk, leuk, dúdlik en ynspirearjend te meitsjen.

Lanlike ferkiezing

Boppedat hat se op eigen krêft in grut berik witte te beheljen, bygelyks mei sosjale media. Se kaam ek geregeld yn de lanlike media oan it wurd. Faber-Versluis giet no troch nei de lanlike ferkiezing fan froulju yn de media. De winner wurdt op 6 febrewaris bekend makke.
Ferline jier wûn ûndernimmer en inisjatyfnimmer fan maatskiplike projekten Wini Weidenaar de Fryske award.