Plysje docht ûndersyk nei stekynsidint yn azc Drachten

It azc yn Drachten © SRFotografie
Op it terrein fan it asylsikerssintrum yn Drachten hat moandeitejûn in stekynsidint west. De melding oer it ynsidint kaam krekt foar healwei njoggenen binnen by de plysje.
It is net bekend wat him krekt ôfspile hat by it azc. De plysje docht yn oparbeidzjen mei de befeiliging ûndersyk.
Ek is it net dúdlik oft der immen oanhâlden is of dat der minsken ferwûne rekke binne.