Ferkeap tsjerke De Haule is it doarp net nei it sin

De tsjerke fan De Haule is ferkocht © Omrop Fryslan
Ynwenners fan De Haule ha grutte beswieren tsjin de ferkeap fan de tsjerke yn it doarp. De tsjerkeried hat it ferkocht oan in pear út Weesp. Doarpsbewenners binne benaud dat it gebou, mei dêromhinne in hôf dat noch brûkt wurdt, in wenbestimming kriget.
"Het is een belangrijke plek. Een beeldbepalend gebouw voor Haule," seit foarsitter Andries de Vries fan pleatslik belang De Haule. "Veel mensen hebben een geschiedenis met deze plek. Er liggen familieleden of mensen hebben een reservering. Ze willen graag dat het stil is en een rustige plek blijft voor mensen die hier op grafbezoek komen."

Eangst foar fersteuring rêst

De eangst is dat dat mei de ferkeap yn gefaar komt. Oerlis mei de tsjerkeried smiet earder neat op. Se kamen der net út. "Toen werd gezegd dat er geen woonfunctie in kon komen", seit De Vries. "Wij konden niet met iets komen dat rendabel zou zijn."
Dêrnei waard it stil, oant dúdlik waard dat it gebou ferkocht is foar tsientûzen euro. De Vries: "Ik weet zeker dat als we dat geweten hadden, er mensen uit het dorp het dan hadden willen kopen."
Dy kâns ha se yn it doarp dúdlik hân, sa seit Jacob Kroondijk fan de wurkgroep Kerk Haule. "We ha it se oanbean mar doe woenen se net. Wy kinne it gebou net behâlde."
"It is te djoer", seit ek foarsitter Tjeerd Oldersma fan de tsjerkeried. "We ha in hieltyd lytser wurdende gemeente en trije gebouwen. We moatte der ien ôfstjitte."
Oldersma en Kroondijk binne derfan oertsjûge dat de nije eigeners de rêst op it hôf respektearje sille. Kroondijk: "We ha noch kontakt hân mei it pear en dy ha echt dúdlik oanjûn dat se de grêfrêst respektearje."
Ek tinkt Oldersma net dat der samar wenne wurdt. "It hat no gjin wenbestimming. Dan moat dat regele wurde fia de gemeente Eaststellingwerf. Dêr binne prosedueres foar, mar dêr geane wy net mear oer."

Pine yn it hert

Dochs ha se it mei pine yn it hert fan de hân dien, seit Kroondijk: "Minsken meitsje dêr oantinkens. Se binne dêr troud, se ha útfearttsjinsten of doopplechtichheden hâlden. Minsken ha in bân mei in tsjerke. Dus we begripe de eangst."
Mocht der in wenbestimming oanfrege wurde, dan wit Jacob de Vries fan pleatslik belang al wat der bart: "Dan komen er zeker bezwaren." Mar earst wol hy mei de nije eigeners om tafel, om te hearren wat se no eins krekt fan doel binne. "Er is bij de bewoners hier veel scepsis. Eerst zien, dan geloven."