Waadhoeke krijt hyp oer de noas fan Rekkenkeamer: "10 miljoen niet verantwoord"

It gemeentehûs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Gemeente Waadhoeke hat de administraasje net op oarder, dat konkludearret de Rekkenkeamer. Hast 10 miljoen euro oan subsydzjes kin net ferantwurde wurde.
Yn in rapport fan mear as hûndert kantsjes set de gemeentlike Rekkenkeamer de situaasje útien. It hiele proses fan it oanfreegjen fan subsydzjes oant de gemeentebegrutting komt del. Mei op in soad plakken problemen.
Oanlieding neffens de Rekkenkeamer is dat elke ôfdieling fan de gemeente in eigen administraasje hat. En de ferskillende ôfdielingen hâlde dy ek nochris oars by.
Dêrtroch is der gjin oersjoch fan wat der útjûn wurdt. "Door de Rekenkamer gevraagde overzichten waarin per jaar wordt aangegeven hoeveel de gemeente nu enkel aan subsidies verstrekt, konden niet worden geleverd."

Oersjoch

Ek in oersjoch fan alle subsydzjes dy't de gemeente hat is der net. Dat probleem is ek te sjen op de webside fan Waadhoeke. "Het viel op dat het niet mogelijk is om digitaal aan te vragen", rapportearret de Rekkenkeamer.
"De werkwijze verloopt niet vlekkeloos. Op de website worden inwoners en andere gegadigden niet gewezen op mogelijke subsidies. Het risico bestaat, dat subsidies niet worden aangevraagd omdat men niet op de hoogte is van het bestaan daarvan."

De wet

Dêrneist jout Waadhoeke lang net altyd oan op basis fan hokker wet in subsydzje ferliend wurdt. En sels dan giet it noch wolris mis.
"Subsidies die op grond van de Algemene Wet Bestuursrecht worden verstrekt, zouden zelfs verplicht in de begroting of in de toelichting op de begroting moeten worden opgenomen volgens die wet."
It hiele rapport wurdt tiisdeitejûn presintearre.