Tsjerkgongers Fontein Dokkum yn 'heger berop'

De Fonteintsjerke yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
Tsien besoarge leden fan de PKN-gemeente Dokkum/Ealsum/Wetsens hawwe in 'heger berop' oantekene, oer benammen de finansjele konsekwinsjes fan de sluting fan de Dokkumer Fonteintsjerke.
Sûnt 1 jannewaris is de tsjerke ticht, mar op de eftergrûn binne der dus noch tsien besoarge tsjerkegongers dwaande mei in proseduere by it Generaal College yn Utrecht. Eardere beswieren by it Classicale College yn Ljouwert, waarden 'ongegrond' ferklearre. Yntusken is it oantekene beswier rjochting it Generale College stjoerd.
It yn berop gean hat de leden fan de PKN-gemeente in soad (betink)tiid koste, mar úteinlik sjogge sy 'finansjeel in ferkearde ôfslach', begien troch de tsjerkeried fan Dokkum, Ealsum en Wetsens. "Om dy reden binne wy úteinliks yn berop gien, primêr giet it net oer de gebouwen as de sluting fan De Fontein", fertelt wurdfierder Klaas de Graaf fan de tsien tsjerkeleden. Ynhâldlik wol de groep fierder net yngean op harren beswieren, om't dy no by it Generale College lizze.

Utspraak

Fierderop yn it jier wurdt in útspraak ferwachte fan it Generale College. Nei alle gedachten is dat yn maart of april fan dit jier. Oant yn alle gefallen dy tiid bliuwt de tsjerke foar earetsjinsten op snein sletten.
De Fontein bliuwt it earste healjier fan 2023 noch wol beskikber foar ferhier. Nei de útspraak fan it College, wol ek de groep tsjerkgongers harren stânpunten taljochtsje.
De Graaf hopet dat de útspraak liede sil ta in petear mei de Kerkenraad, wat al meardere kearen troch dyselde ried ôfslein waard. Wylst der ek fanút de foarsitter fan it Classicaal College as tip meijûn waard om yn petear te gean. De Graaf wol dat dan ek graach.