Fryske brânwacht: útsûnderlik drok jier, mei troch pelletkachel- en skoarstienbrannen

In brânwachtman yn 't spier © ANP
De Fryske brânwacht hat it ferline jier folle drokker krigen yn ferliking mei it jier dêrfoar. Brânwacht Fryslân moast leafst 76 kear faker útride foar in wenningbrân.
De brânwacht hie it net allinne yn de simmer drok, mar ek jannewaris en desimber stekke boppe de gemiddelden út. Ofrûne desimber hat de brânwacht 60 kear útride moatten foar in wenningbrân. Boppedat is desimber troch de jierwiksel sawiesa al in drokke moanne.
Fryske brânwacht hie tige drok jier
"Zestig in december, dat is opvallend veel", seit adjunkt-kommandant Marinus van de Velde. It giet om in grut ferskaat oan meldingen: fan pannen dy't te lang op it fjoer stiene oant koartsluting yn de meterkast of by elektryske apparatuer.

Pellet- en skoarstienbrannen

De brânwacht moast ek faker útride foar problemen mei pelletkachels. "Bij onjuist gebruik komt daar vaak ongewenst veel rook vrij", seit Van de Velde. Ek skoarstienbrannen kamen faak foar.
Adjunkt-kommandant Marinus van de Velde © @Marinusvdvelde
De brânwacht ropt minsken op wach te wêzen, de skoarstien geregeld skjin te meitsjen en gjin gefaarlike ferwaarmingsalternativen lykas blompotkachels te brûken.