Nije tsjinslach: Deputearre Steaten jout negatyf advys oer plannen Holwert oan See

In ympresje fan Holwert oan See
© Provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân soe net fierder moatte mei de hjoeddeiske plannen foar Holwert oan See. Dat is alteast it stânpunt fan it kolleezje fan Deputearre Steaten, dat tiisdeitemoarn presintearre waard.
Neffens deputearre Klaas Fokkinga kin de natuerlike fariant fan Holwert oan See net útwurke wurde. De hjoeddeiske plannen soene tefolle ôfwike fan de oarspronklike plannen út 2018.
Negatyf advys plannen Holwert oan See
Ein novimber ferline jier joech Fokkinga as foarsitter fan de stjoergroep Holwert oan See lykwols noch in posityf advys om de plannen troch te setten. LTO Noord en Wetterskip Fryslân stapten doe wol al út it projekt. Sy hiene tefolle twivels wat de betelberens en helberens fan it projekt oanbelanget.
Foar it projekt Holwert oan See wie troch de provinsje Fryslân tsien miljoen euro tasein. Wat dêr no mei gebeurt, is neffens Fokkinga net dúdlik. "Wy ha net sein dat dy tsien miljoen euro no net mear beskikber is foar de regio."
Provinsjale Steaten ha úteinlik it lêste wurd oer it wol of net trochsetten fan de plannen. Sy sille dêr op 22 febrewaris oer prate.
Inisjatyfnimmer Marco Verbeek fan Holwert oan See
© RTV NOF
Foar Marco Verbeek kaam it as ien fan de inisjatyfnimmers as in ferrassing. "Mar ik haw betrouwen yn Provinsjale Steaten", sa lit hy witte. "Ik smyt it mar op ferkiezingsspanning, mar litte wy de wize dingen wol dwaan bliuwe. Holwert oan See is gjin politike spylbal."
Der wurdt al goed tsien jier oan de ideeën wurke. "Mar it draait net om de fjouwer inisjatyfnimmers, mar it giet om it doarp en de regio."

It kin net sûnder provinsje

Sûnder provinsje is it projekt 'folslein kânsleas', seit Verbeek wol. "Want dy giet oer fergunningen en it gebiet. Dan kinne je de doar slute en hâldt Holwert oan See op. Ik tink dat wy goed nei it advys sjen moatte." De inisjatyfnimmers hawwe it advys ek noch net ynhâldlik bepraat mei Deputearre Steaten.
"De ynhâld is goed ûnderboud, der binne merkpartijen en ûndersiken, der is mear as 45 miljoen ophelle en der is sicht op nije finansieringsboarnen, der is stipe fan de regio", sa sommet Verbeek op. "Wat is der noch mear nedich om sa'n plan út te fieren?"
Inisjatyfnimmer Marco Verbeek fan Holwert oan See
De steatefraksje fan de FNP leit him net del by it advys fan Deputearre Steaten om net fierder te gean mei de plannen foar Holwert oan See. De fraksje keart him dêrmei tsjin it stânpunt fan de eigen deputearre Klaas Fokkinga.
Listlûker Sijbe Knol sjocht noch genôch mooglikheden. "Wy sjogge noch genôch positive oanknopingspunten foar it gebiet, ek yn de planfoarming hoe't dy der no leit. Om dêr no fuort in streek troch te lûken, giet my fierstente rûch."
"Wy moatte mei elkoar fierder en we moatte derfoar soargje dat it jild dat foar dit projekt tasein en reservearre is, net ferlern giet foar it gebiet", stelt Knol. "Minsken binne der tsien jier mei oan de gong west en as je it entûsjasme dan op dizze wize de nekke omdraaie, dan is dat dreech te ferkeapjen."