LTO Noord freget provinsje gjin fergunning te jaan foar wetterwinning Lúkswâld

In wetterwingebiet © ANP
LTO Noord ropt de provinsje Fryslân op om gjin fergunning ôf te jaan oan wetterliedingbedriuw Vitens om drinkwetter út de grûn by Lukswâld te heljen. Vitens wol dêr alle jierren 6,5 miljoen kúb wetter út de grûn helje.
Alle belutsen partijen wiene tichtby in oerienkomst, mar LTO Noord sjocht him troch lanlike maatregelen lykas it ferfallen fan de derogaasje en it ferbieden fan gewaaksbeskermingsmiddels twongen om no dizze brief te stjoeren.
Foarsitter Kees Hemminga fan de ôfdieling Hearrenfean fan LTO Noord seit wol de maatskiplike needsaak te begripen om ekstra grûnwetter op te heljen. "Mar wêr't wy ús altyd mei dwaande holden hawwe, is wat de gefolgen fan drûchteskea binne foar boeren."
Dy boeren moatte kompensearre wurde, sa is LTO fan betinken. "Dan kinne wy it plan stypje. Mar wat no feroaret is dat de derogaasje troch Brussel skrast is en foar de grûnwetterbeskermingsgebieten dit flugger ôfboud wurde kin dit jier. Dêr is in soad ûndúdlikens."
Kees Hemminga leit út wêr't LTO Noord krekt mei sit
Mei de hjoeddeiske maatregels kin it prima trochgean, seit Hemminga. "Der binne beheiningen foar de gewaaksbeskermingsmiddels, foar in bedriuw mei gers en mais kin dêr noch bêst wurke wurde. Mar wat no oankundige is foar 2024 kin grutte gefolgen hawwe, ek foar dizze bedriuwen."
It binne ferskate maatregels byinoar dy't it 'm dogge: "De derogaastje kostet in soad, minder gewaaksbeskermingsmiddels kostet ek jild en as dêr ek nochris maatregels by komme wêrtroch't noch minder dong op it lân mei en minder fan it lân ôf helle kin, dan betsjut dat nochris ekstra kosten. Dat binne byinoar tsientûzenen euro's it jier, dat is net op te bringen troch boeren."
LTO is ek benaud dat de wearde fan ûnreplik guod yn de grûnwetterbeskermingsgebieten ûnder druk komt te stean. LTO fynt dat der op sa'n wize gjin takomst is foar de boeren. "Dêrom tsjinje wy de brief by de provinsje yn tsjin it plan."