'Liende' Sterke Yerke IV wer yn it wetter takele nei syn nijjiersaventoer

De Sterke Yerke is wer terjochte © Omrop Fryslân
De Sterke Yerke IV leit sûnder skea wer yn it wetter. It flot waard troch âldjiersferiening Frijsteat Folgeren mei âld en nij fuorthelle út Ljouwert en oer de dyk nei De Folgeren brocht. Sy woene dêrmei omtinken freegje foar it miljeu.
De Sterke Yerke IV is wer yn it wetter takele
In tal leden fan de stichting Sterke Yerke wie nei Drachten kaam foar de takelput. De stichting efter de Sterke Yerke IV skrok wol even doe't it lúkse flot poater wie, mar is bliid dat der goed op past is.
It giet om de opfolger fan it flot dat yn 1979 de Altantyske Oseaan oerstuts. "Hij is natuurlijk pas echt veilig als 'ie in het water ligt. Maar als ik zie hoeveel mensen hier rondlopen om de klus te klaren, dus ik zit daar totaal niet over in. Het is een prima stunt en een geweldige afloop", seit Wilfred de Jong fan de stichting.

Kaam goed út

Dat de Sterke Yerke efkes op 'e wâl lei, kaam goed út. Sa koenen der noch in tal nije antennes op de mêst pleatst wurde. "Daarmee kunnen we live beelden streamen vanaf de Sterke Yerke," seit De Jong.
Om 09.00 oere hinne waard úteinset mei de takelput. De Sterke Yerke IV waard earst fan in oplizzer tild. Om 10.30 oere hinne wie de put dien en lei it flot wer yn it wetter.

Wekker lein

Net allinnich foar de minsken fan de Sterke Yerke wie it spannend, ek foar Frijsteat Folgeren. "Op nijjiersdei binne wy ûnder ferkearsbegelieding mei it flot op 'en paad gien. Dat wie in hiel proses mei dy ferkearsbegelieding," fertelt Leon Bouma, foarsitter fan Frijsteat Folgeren.
"De mêsten koene der net opbliuwe. Dy ha wy nei ûnderen helle. Dêr ha wy wol nachten fan wekker lein," fertelt Bouma.
De stunt fan de âldjiersferiening is nei eigen sizzen wol slagge. Der hat in soad omtinken west foar it fuortheljen fan de Sterke Yerke. "Wa wit dat der no wol in pear fan ús feriening mei wolle mei de Sterke Yerke as er wer de oseaan op giet", beslút Bouma.
De kommende dagen wurdt besjoen wannear't flot oer it wetter wer nei Ljouwert brocht wurdt. Dêrnei giet it flot yn de winteropslach.