Befolkingsgroei yn Fryslân beheind yn 2022, Skiermûntseach en Flylân útsûnderingen

In soad minsken op strjitte © ANP
De befolkingsgroei yn Fryslân wie yn 2022 relatyf beheind. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Yn Fryslân wie der wol sprake fan groei, mar dy wie in stik minder sterk as yn oare provinsjes.
Yn ús provinsje kamen der 9 minsken op de 1.000 ynwenners by. Dat is tegearre mei Drinte en Limburch de minst sterke groei fan it lân. Yn Flevolân groeide de befolking it hurdst.

Befolkingskrimp op Skylge

As we nei de sifers fan de gemeente sjogge, falt op dat der op Skiermûntseach en Flylân relatyf de measte minsken by kamen yn 2022. Yn totaal kamen der dêr foar eltse 1.000 minsken mear as 30 nije ynwenners by. Skylge wie de iennige gemeente yn Fryslân dy't te krijen hie mei in befolkingskrimp.
Lanlik hienen mar njoggen gemeenten in weromgong yn it tal ynwenners. It CBS stelt wol dat folle mear gemeenten mei befolkingskrimp te krijen hawwe soenen as de bûtenlânske migraasje net meitelle soe. De groei komt nammentlik benammen troch de tanommen ymmigraasje.
Nij yn 2022 wie de ynstream fan flechtlingen út Oekraïne. Yntusken hat sawat de helte fan alle gemeenten yn Nederlân fiif Oekraynske ymmigranten de 1.000 ynwenners.
Troch de fergrizing nimt it tal gemeenten wêryn't mear minsken dea gienen as dat der berne waarden ta. Yn 2022 wie dat yn 62 persint fan de gemeenten it gefal. Yn 2021 wie dit noch 53 persint.