Fryske skyskoallen hawwe it drok: "It is dochs wol wat spannend mei de snie"

Skyers traine op de rollerbaan © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De skyskoallen binne goed beset yn dizze fakânsjetiid. In goede tarieding is belangryk om ûngelokken foar te kommen. Op in rollerbaan kinne je de technyk traine, mar wol is it oan te rieden om op de pyste sels noch in pear lessen te nimmen.
Op de skyskoalle Drachten is it drok, seit bedriuwslieder Jantina van der Wal. "Dit soarte fan dagen hawwe je gau 80 oant 100 man dy't delkomme, ferspraat oer de dei. Aanst nei de fakânsje wurdt it wat rêstiger, mar no rint it wol moai troch."
Dat is in kontrast mei de berjochten oer de minne snie yn de populêre wintersportgebieten. "Ja, kloppet. It is dochs wol wat spannend mei de snie", seit Van der Wal.
Fryske skyskoallen hawwe it drok
"We fernimme it hjir ek dat it waarm is. Mar it wurdt no wer wat kâlder. Mei in bytsje gelok wurdt it wer better yn de Alpen. Gelokkich binne der noch in soad skygebieten dy't heech genôch lizze en dêr't in boel snie leit."

Traine, oars wurdt it neat

Arjen en Bern Monkel komme krekt fan skyfakânsje út Eastenryk yn Bad Kleinkirchheim. Der lei dêr net in hiel soad snie. "Mar de kwaliteit wie wol goed. Jûns makken se snie en oerdeis koenen we moai skye. It foldie wol oan ús ferwachtings."
Se hawwe op de skyskoalle yn Drachten de technyk traind. "Ja, oars wie it neat wurden. It is hjir wol wat oars as dêr fansels, mar dan witte je in bytsje wat je te wachtsjen stiet. En je hawwe dêr minder spierpine." Se hawwe noch twa kear les hân op de pyste.
Op de skyskoalle yn Drachten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Omdat der ûngelokken plakfine op en om de pystes, wize de ynstrukteurs de minsken op de feilichheid, ûnder oaren mei de pysteregels. "Dy hawwe we hjir oanplakt", seit Van der Wal.
"En minsken binne wol wat wisser as se hjir wat lessen hân hawwe. Mar it is wol ferstannich om noch even mei in learaar op 'en paad te gean en dat se dêr de slach te pakken krije. De snie is dochs wat oars as de rollerbaan. En omstannichheden as it waar of de drokte op de pyste kinne wy hjir net yn 't foar simulearje."
By de skyskoalle yn Drachten