KNMI: koade giel foar Fryslân fanwege swiere wynstjitten
It KNMI hat koade giel ôfkundige foar de provinsje Fryslân. It meteorologysk ynstitút warskôget foar swiere wynstjitten fan mooglik 80 kilometer de oere.
Ferkear en bûtenaktiviteiten kinne neffens it KNMI hinder ûnderfine fan de wyn.
Foar Noard-Hollân jildt deselde warskôging. De koade jildt foarearst oant 10.00 oere.