Doekele Rienks wennet flakby Friesland yn Amearika: "Bearenburch ha ik noch net fûn"

Doekele Rienks yn it Amerikaanske plakje Friesland
© Doekele Rienks
Doekele Rienks (47) komt fan Feanwâlden, mar wennet sûnt augustus mei syn frou Evelien yn Middleton yn de Amerikaanske steat Wisconsin. Fier hoecht er lykwols net te reizgjen om Friezen tsjin te kommen.
Op in oere riden fan Middleton leit nammentlik in doarp mei in bysûndere namme. "Ik bin altyd wol in protte mei kaarten dwaande", fertelt Rienks. "En doe't we hjir hinne gongen, hie ik al sjoen dat hjir flakby in hiel lyts plakje wie: Friesland. Ik tocht dêr moatte we in kear hinne."
It doarp hat 303 ynwenners en harren foarâlden wiene Friezen, wit Rienks. "We kamen dêr in frou tsjin en dy fertelde dat har oerpake yn 1903 mei de SS Rotterdam hjir nei takommen wie fanút Ljouwert."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Op syn 20e is Rienks út Fryslân wei gien om te studearjen yn Wageningen. Troch de jierren hat er earst allinnich en letter mei syn frou altyd in soad reizge oer de hiele wrâld. Ferline jier waard er frege om oan it wurk te gean foar in kantoar yn Madison, de haadstêd fan Wisconsin, net fier fan Middleton.
"Ik wurkje foar in Nederlânsk bedriuw. Wy ride mei auto's rûn mei in kamera derop", leit Rienks út. Mei dy kamera's wurde foto's makke fan de omjouwing.
"Dy bylden wurde brûkt troch gemeenten en de oerheid. Dan hoege se de minsken net mear nei bûten te stjoeren. Dy kinne gewoan fan efter it buro op dy foto's sjen oft der earne in fergunning foar oanfrege is of as it asfalt reparearre wurde moat."
Doekele Rienks mei syn frou Evelien
© Doekele Rienks
Rienks en syn frou belibje harren earste winter yn Wisconsin. De temperatuer leit dêr no om de nul graden hinne, mar in wike lyn wie it noch -24 graden Celsius, fertelt Rienks. "En gefoelstemperatuer -40. Dat wie wol even wennen."
Se koene it lykwols goed folhâlde by dy barre temperatueren, seit er. "Se ha hjir fan dy lytse fleskes en dêr dogge se dan wat sterke drank yn. Ast dy meinimst, komst in hiel ein, hear", grapjaget er. "Nee, goed oanklaaie. Dat is it faak." Bearenburch hat er al wol om socht, mar koe er net fine yn de winkels. fertelt er.
Ik bin as earste Fries, en dêrnei komt de rest.
Doekele Rienks
Yn Middleton ferrint âld en nij hiel oars as yn Fryslân. "Dat is wol apart, se fiere it hjir hast net. Ik ha ek gjin fjoerwurk heard. Hielendal neat."
Problemen mei it yntegrearjen hat er net. "As se hearre datst út Nederlân of Fryslân komst, wurde minsken altyd fuortendaliks entûsjast. Der binne in hiel protte Nederlanners, Dútsers en Noaren nei Wisconsin kommen. Dus dy Europeeske mentaliteit sit hjir noch wol in bytsje."
Hy hat ek noch altyd in sterke bân mei it heitelân. "Us heit en mem wenje noch yn Fryslân. Dy bân bliuwt der altyd wol. Ik bin as earste Fries, en dêrnei komt de rest." Dochs tinkt Rienks der noch net oan om werom te kommen. "Miskien as ik oait pensjonearre bin. In moai húske, earne yn Earnewâld oan it wetter. Dat liket my wol wat."