De toan fan Froukje Sijtsma: "Lekker koese"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"As alderearst: in hiel lokkich, sûn en leafdefol 2023 tawinske! Ik hoopje dat jimme it nije jier feestlik en mei in posityf gefoel úteinset binne. Ik fertelde koartlyn al oer myn goeie foarnimmen om it bûtenswimmen op te pakken. No, dat giet dat it slydjaget.
Doe't it lêst frear haw ik dompele yn in marke en dat fielde geweldich. It bûtenswimmen is ûnderwylst ymplemintearre yn myn libben. Tiid dus foar nije útdagings foar dit jier.
Ik haw noch net op papier set wat ik allegear dwaan of berikke wol. Dat komt noch wol. It kin gjin kwea om der earst ris in nachtsje oer te sliepen. En dat is dan ek hoe't ik it nije jier begûn bin: tolve oeren hearlik koese.
De toan fan Froukje Sijtsma
En dat wie nedich ek, want doe't ik 1 jannewaris wekker waard hie ik in aardich swiere holle. Sels in nijjiersdûk koe dat katergefoel net fuortkrije. No hie ik âldjiersjûn net iens bot oan de sûp west, mar in dieet fan fette oaljekoeken en appelbenjees op in laach wyn en sjampanje hie grif net in soad goeds dien. Hielendal net nei in pear koarte nachten.
Ik mei graach sliepe, mar ik kom der sûnt ik mem wurden bin net genôch oan ta. Myn dochter fan sân is altyd betiid wekker. En op dagen dat se by har heit is, hat myn freon syn wekker wol op kertier foar seizen stean.
Ik kin oprjocht jaloersk wurde op âlden dy't fertelle dat harren bern yn wykeinen en skoalfakânsjes pas nei acht oere moarns wekker wurde. Ik priizgje mysels al lokkich as myn dochter om healwei sânen hinne wekker wurdt. Mar faak genôch sjoch ik de fiif noch op de klok.
Mocht der oait in edysje komme fan 'Jouw Kind Mijn Kind', dan bin ik der as de piken by. Ik hoopje dan dat ik my ûntfermje mei oer in puber dy't middeis noch altyd op bêd leit. Lekker lizze litte, dan draai my sels ek noch wol in kearke om.
Ik haw al in soad besocht. It famke letter op bêd bringe, oerdeis fanatiker bewege litte, jûns relaxt dûse, mar it helpt net echt. Se is altyd betiid by de pinken. Myn freon opperet dat myn dochter en ik likegoed wol melke kinne by de boer of oan de slach kinne as krantebesoarger.
Op âldjiersdei waard it famke tweintich oer fjouweren wekker. En se koe de sliep net mear te pakken krije. Se siet al folop yn spanning oer de oaljekoekebakkerij en it fjoerwurk.
Op âldjiersjûn moast se fan my dochs efkes op bêd, want ik seach har knokken tsjin de sliep. Efkes foar tolven makke ik har wekker foar it ôftellen en it fjoerwurk. Ik hie goeie hoop: se lei dy nacht om healwei twaën wer te sliepen, mar dochs stie se seis oeren letter alwer neist bêd.
En dus gie ik de folgjende jûns tagelyk mei har om kertier foar sânen op bêd. Beiden waarden wy tolve oeren letter folslein útrêst wekker. No is it fansels in yllúzje te tinken dat je alle nachten as folwoeksene tolve oeren sliep nedich hawwe, mar it smakke wol nei mear.
Dus doe't ik op tillefyzje in reklame foarby kommen seach oer in 'sleep challenge', skreau ik it earste goeie foarnimmen foar 2023 alfêst op myn listje. Mear sliepe troch earder op bêd te gean en de dei moarns wat betider mei fleur en faasje te begjinnen.
Ik hâld jimme fansels op de hichte fan de ûntwikkelingen en wa wit folgje nei in pear goeie nachten ek oare goeie foarnimmens foar 2023. Lekker koese!"