Underfiningsdeskundige moat brêgen bouwe foar Zorgbelang Fryslân

© ANP
Zorgbelang Fryslân wol besykje om ûnderfiningsdeskundigen te yntegrearjen yn harren soarchketen. It moat de kommunikaasje tusken helpferlieners en kliïnten te ferbetterjen.
Minsken dy't yn kontakt komme mei helpferlieningsynstânsjes lykas Jeugdsoarch en de Reklassearring, hawwe dêr meastentiids net sa'n posityf byld fan. Der is dan fansels al in soad bard, en ynienen komme der frjemde minsken dy't jo help biede moatte.
Om dy bân tusken helpferlieningsynstânsjes en húshâldings better te krijen wurdt der ynkoarten úteinset mei in proef. Zorgbelang Fryslân wol nammentlik ûnderfiningsdeskundigen ynskeakelje, om oan te skowen by de petearen tusken de helpers en dejinge dy't help nedich hat.
Dizze minsken witte út ûnderfining wat in persoan of húshâlding trochmakket, en sjocht fuort oft der wat misgiet yn de kommunikaasje út de helpferliening wei.

Wichtige stap

Oan de oare kant kin de deskundige oan it gesin kenber meitsje, wat dizze help opsmite kin. Om sa de mooglike muorren tusken helpferliener en help-ûntfanger ôf te brekken.
It giet earst om in proef, wêrby't ien persoan oannaam wurdt. Dizze sil fiif oeren yn de wike oan it wurk wêze. Dat klinkt as net in soad, mar neffens Melanie Berends fan Zorgbelang Fryslân kin yn dizze tiid al wol in wichtige stap set wurde.
It is dêrnjonken ek de bedoeling om in sinjaal ôf te jaan oan de oerheid, dat soks mear moat. De gemeente Hearrenfean wurket yn elk gefal al mei oan dizze proef.

Fakatuere

De fakatuere stiet al in skoftke iepen, en der wiene ek al in tal sollisitanten, mar gjinien paste yn it profyl dêr't Zorgbelang nei op syk is.
Berends: "De eerste gedachte van mensen is: oh, ik moet ervaring hebben. Dat moet ook zeker, maar die deskundigheid is ook belangrijk." Der wurdt dêrom socht nei ien dy't ek in relevante oplieding folge hat. "Er moet ook een bepaalde deskundigheidsontwikkeling onderdeel zijn van de ervaring. Daar liepen we de vorige keer tegenaan."
De fakatuere stiet noch iepen oant 19 jannewaris.