Grutte brân ferwoest Wijn & Whisky Schuur yn Skearnegoutum

Grutte brân yn de Wijn & Whisky Schuur yn Skearnegeoutum © BTB Fotografie
Troch in grutte útslaande brân is woansdeitemiddei de Wijn & Whisky Schuur yn Skearnegoutum ferlern gien. Der wienen fiif korpsen út de omjouwing nedich om it fjoer te betwingen. It sein 'brand meester' is om 16.15 oere hinne ôfjûn.
Der brânwacht skaalde op nei 'grutte brân'. It pân dêr't it om giet, is de 'Wijn & Whisky Schuur', in gruthannel en winkel yn sterke drank. It gebou kin neffens de brânwacht as ferlern beskôge wurde. Der sieten in winkel, in showroom en kantoaren yn. De brânwacht hat de opslachloads efter de buorkerij wol behâlde kinnen. Dat is de plak dêr't de dranken opslein lizze.
De bewenners koenen op tiid it gebou út komme.
Grutte brân by Wijn & Whisky Schuur yn Skearnegoutum
De earste melding fan de brân kaam om 14.20 oere. De brânwacht spruts fan in 'forse brand' oan de efterside fan it gebou. Der waarden meardere brânwachtkorpsen út de omjouwing oproppen. It giet om de korpsen fan Snits, Mantgum, De Jouwer, Drylts en Grou.
Der kaam in soad reek frij by de brân. Troch de hurde wyn luts dy oer it lân. De brânwacht hat te hege wearden fan skealike stoffen metten. Wol ropt de brânwacht op om út de reek te bliuwen. It neiblussen kin noch wol in oantal oeren duorje.
Troch de brân is in stik fan de N354 tusken Skearnegoutum en Dearsum ôfsletten. Dit bliuwt ek sa salang't der neiblust wurdt. Yn Boazum ûntsteane opstoppingen troch minsken dy't omride wolle.
De buorkerij kin neffens de brânwacht as 'ferlern' beskôge wurde © Noordernieuws