Stiet Sjinkie Knegt oan de ein fan syn karriêre? "Dat is gjin rare gedachte"

Sjinkie Knegt © Orange Pictures / Omrop Fryslân
Sjinkie Knegt is net selektearre foar de Europeeske kampioenskippen shorttrack yn Gdansk yn Poalen. Sportferslachjouwer Roelof de Vries sjocht dat de iens sa grutte Knegt no folle mear konkurrinsje te ferduorjen hat.
Dat Knegt net selektearre is, fynt De Vries dan ek logysk. "Hy hat in rêchblessuere en dêr hat er bot lêst fan. Tagelyk hat er ek net geweldich prestearre dit seizoen. Hy sei dêrom ôfrûne snein al: 'Ik tink net dat ik der by sit'."
It NK yn Ljouwert ôfrûne wykein wie de lêste mooglikheid foar de shorttrackers om in startbewiis foar it EK te fertsjinjen. Mar ek dêr slagge Knegt der net yn yndruk te meitsjen op de seleksjekommisje. It beslút Knegt thús te litten, fernuveret De Vries dan ek net. "De rêchblessuere spilet mei, mar it is ek gewoan de foarm. Hy is passearre troch in tal oare shorttrackers."
De tiid dat Sjinkie Knegt der altyd by siet, dy is foarby.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries
"De sport hat him ûntwikkele en der binne mear konkurrinten by kaam. De tiid dat Sjinkie Knegt der altyd by siet, mei faak noch Daan Breeuwsma en wat oaren, dy is foarby. Posityf foar de sport, minder posityf foar Sjinkie sels."

Begjin fan de ein

Oft it it begjin fan de ein fan de karriêre fan de Bantegeaster is, wit De Vries net. "Mar ik fyn dat gjin rare gedachte, al tinkt hy dêr sels oars oer. Hy seit dat er echt net ophâlde wol, dat er it dêrfoar te moai fynt. Hy sjocht wol dat er net mear op syn top is, mar hy fynt dat er bêst mei it nivo oerwei kin."
Knegt is 33 jier en yn in sport as shorttrack is dat neffens De Vries "rjochting ein karriêre". "Syn mem sei snein dat it ek wol in kear tiid wurdt dat se him foarby ride. Dat besef sil der by Sjinkie sels grif ek wêze."