Akteurs ride as tarieding op musical De Tocht de alternative Alvestêdetocht

Akteurs Wolter Weulink en Nino Ruiter op it iis © De Tocht
Ek al giet de musical oer de Alvestêdetocht earst yn oktober yn premjêre, de akteurs fan De Tocht riede har no al folop ta. Se sille op 24 jannewaris de alternative Alvestêdetocht yn Eastenryk ride.
Dat dogge se om te ûnderfinen hoe't it is om in tocht te riden, dy't se sels nea riden hawwe, fertelt akteur Nino Ruiter. "Om dat gevoel te krijgen, om 200 kilometer te schaatsen in koude omstandigheden."
"Ik houd ervan om me in een rol te verdiepen", seit Ruiter. It riden fan de alternative tocht op de Weissensee yn Eastenryk komt dêr neffens him it tichtst by. "Het is keihard trainen en ik hoop dat onze voorbereidingstijd lang genoeg is geweest om de tocht uit te rijden."

IIsflier

De musical giet yn oktober yn premjêre yn Ljouwert en mei in grutte iisflier as dekôr. Sintraal steane fiif freonen dy't inoar in skoft net sjoen hawwe. Se hawwe eartiids lykwols tasein dat se in takomstige Alvestêdetocht mei syn fiven útride soene.