Kurator ynventarisearret kandidaten foar mooglike oername Jan Sikkes

Stoffewinkel Jan Sikkes yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Nei it fallisemint fan stoffewinkel Jan Sikkes sjocht kurator Jaap van der Meulen nei oernamekandidaten. Van der Meulen wol noch neat sizze oer de fuortgong fan de petearen.
"It is bekend yn de stoffehannelwrâld. Ik bin op dit stuit oan it ynventarisearjen oft der gadingmakkers binne om it bedriuw oer te nimmen." Van der Meulen is weromhâldend mei it frijjaan fan details. "It is in gefoelige proseduere. Ik wol gjin ferwachtingen wekke, dy't net wiermakke wurde kinne."
Op dit stuit binne alle winkels fan it bedriuw ticht. Mooglik folget der takom wike in fallisemintsútferkeap. "Dan soe der foar it publyk in útferkeap holden wurde, dat is in mooglikheid", seit Van der Meulen.
In bedriuw ynventarisearret de middels dy't Jan Sikkes noch hat. "De útkomsten dêrfan ferwachtsje ik ein dizze wike, begjin nije wike." Van der Meulen kin dêrnei mooglik mear ynsjoch jaan yn de takomst fan it bedriuw.