A6 tusken De Jouwer en De Lemmer wer iepen nei ûngelok

© Noordernieuws
De A6 tusken Sint Nyk en De Lemmer is tongersdeitemoarn wer frijjûn. Op dy dyk barde woansdeitemiddei in ûngelok mei meardere auto's. Dêrby binne meardere minsken ferwûne rekke. Der sitte ek in pear slimferwûnen by.
It ûngelok barde woansdei om 16.50 oere hinne en hie plak yn in file nei in earder ynsidint: in frachtwein mei sinesapels en meloenen kantele. De fangrail rekke dêrby skansearre.
Brânwacht en in traumahelikopter kamen te plak. Ien slachtoffer is ûnder begelieding fan in traumadokter oerbrocht nei it sikehûs yn Zwolle. Neffens Rykswettersteat wiene fjouwer auto's by it ûngelok belutsen.
Rykswettersteat wie woansdei noch in skoft dwaande mei it ôfhanneljen fan de beide ûngelokken. Tongersdeitemoarn koe de dyk yn de rjochting fan De Jouwer wer frijjûn wurde.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De auto's binne burgen.