Fryske sportklups sykje hieltyd faker help om grinsoergeand gedrach foar te kommen

Allard Donker, projektlieder 'Veilig Sportklimaat' by Sport Fryslân © Omrop Fryslân
Der binne dit jier mear meldingen fan grinsoergeand gedrach binnenkaam as yn de ôfrûne jierren. Sportklups yn Fryslân sykje hieltyd faker help om dat foar te kommen.
De oandacht foar grinsoergeand gedrach by bygelyks The Voice of Holland en De Wereld Draait Door hat nei alle gedachten ynfloed op it oantal meldingen, seit Allard Donker. Hy is projektlieder 'Veilig Sportklimaat' by Sport Fryslân: "Wy fernimme dat klups der hieltyd mear oandacht foar hawwe en der mear oan dwaan wolle."
"It artikel fan de NOS soarget der nei alle gedachten ek foar dat der wer mear oanfragen by ús binnenkomme." Donker fernimt dat klups yn Fryslân graach feilich sporte realisearje wolle: "It grinsoergeand gedrach sil der wis wêze. Wy moatte der oan de foarkant wat oan dwaan en mei-inoar yn petear komme."
Lanlik binne der 1.400 meldingen fan grinsoergeand gedrach dien dit jier. Dat meldt it Centrum Veilige Sport Nederland oan de NOS. Yn fergelyk mei de ôfrûne jierren is de stiging grut.
It oantal meldingen leit gewoanwei om de 800 hinne yn it jier. It giet om meldingen fan fysyk, emosjoneel of seksueel grinsoergeand gedrach. De measte meldingen komme út de amateursport.
Sport Fryslân set sels programma's op om de sport feiliger te meitsjen: "Sa binne wy dwaande mei it oplieden fan betrouwenspersoanen. Dy moatte dan beskikber wêze foar meardere klups.
Betrouwenspersoanen soargje derfoar dat de drompel om grinsoergeand gedrach te melden, leger wurdt. Se binne in lústerjend ear en advisearje de slachtoffers oer hokker stappen se nimme kinne."
Ek trainers wurde oplaat om better mei kwetsbere doelgroepen, lykas bern, jonge topsporters en sporters mei in handicap, om te gean: "It giet dan net om hoe't je in bal mei binnenkant foet spylje kinne. Krekt dat deromhinne is wichtich. Hoe is dyn motivearjende coaching? Hoe strukturearje je in training? Wy wolle ek dat trainers ûnderling it der oer hawwe."
Binne je sels slachtoffer fan grinsoergeand gedrach? Dan kinne je dat melde fia it Centrum Veilige Sport Nederland. De Ljouwerter stichting FIER hat in anonime chat beskikber. Belje by akute, driigjende situaasjes altyd de plysje fia 112 of 0900-8844.
Somtiden moat bygelyks de klupkultuer feroarje: "Wy besykje echt te sjen wêr't it sit yn de klup. Dan belûke wy in grut part fan de klup derby. Dat binne langduorjende trajekten, it giet wol om meardere jierren." Dy feroaringen smite sa no en dan wol wjerstân op, seit Donker: "Postyf coache? We meie dochs gewoan sizze wat we fan inoar fine?"
"Dat is fansels ek sa, mar it moat op in goeie wize. Dêr giet it ek om, dat we mei respekt mei-inoar dwaande binne", giet Donker fierder. Dat is de kultuerferoaring dy't wy mei-inoar teweibringe moatte. Hoe konfrontearjend dat ek is."
Donker tinkt dat it in utopy is om grinsoergeand gedrach foar te kommen, mar je kinne der wol alles oan dwaan om de mooglikheid sa lyts mooglik te meitsjen: "As dan de kar nommen wurdt dat immen net mear by de klup past, dan moat dat mar. Dat heart der sa no en dan by, mar soargje der dan foar dat je omtinken hawwe foar it proses en de minsken dy't derefter sitte."