Alde Fryske tsjerken wurde primitive hotelkeamers

De Mariatsjerke yn Bûtenpost © Omrop Fryslan
Kuierjende pylgers kinne fan dizze simmer ôf oernachtsje yn âlde Fryske tsjerken. 16 gebedshuzen fan stichting Alde Fryske Tsjerken dogge de doar iepen foar de kuierders.
De Mariatsjerke yn Bûtenpost hat de fjildbêden al klear stean. "It is wat primityf en de bêden binne hurd", seit Sjaan Sentner fan it pleatslike komitee. "Dat heart der ek wol by fansels."
De kommisje yn Bûtenpost wie fuort entûsjast: "We ha hjir in prachtige tsjerke mei moaie roubuorden. It útsicht is ek moai sa oer it doarp hinne. It is in bysûnder plak om te oernachtsjen."
Alde Fryske tsjerken wurde primitive hotelkeamers
It idee stamt al út 2018, seit Joke Bakker fan stichting Alde Fryske Tsjerken. "Doe waard betocht de rûte fan it Jabikspaad om te draaien, dus fan Santiago de Compostella nei Sint Jabik ta. Dan moatte je eins sliepe kinne yn tsjerken."
De tsjerken passe der goed by, seit Bakker: "Eartiids wie sa'n pylgertocht in kuier fan besinning. No sykje minsken rêst. Dat kin prachtich yn de tsjerken. Dan ha je sa'n gebou hielendal foar josels om dêr in nacht te sliepen."
In soad lúkse moatte je net ferwachtsje. Je sliepe op in fjildbêd en in dûs is der ek net. Sentner: "Der is in lytse keuken foar kofje en tee. Fierder is der in toilet en in wasktafel. Je moatte dus âlderwetsk mei in waskhantsje waskje."
Net eltsenien kin oernachtsje yn de tsjerken. Je moatte in pylgerpas ha fan it Jabikspaad of donateur wêze fan de stichting Alde Fryske Tsjerken. Tsjin in lytse fergoeding meie je dan gebrûk meitsje fan de fjildbêden.