Hidde en Lieke populêrste bernenammen yn Fryslân

© Shutterstock.com (Oksana Kuzmina)
Hidde en Lieke binne de populêrste nammen dy't Fryske âlders it ôfrûne jier oan harren bern jûn ha. Dat docht bliken út in oersjoch fan de Sociale Verzekeringsbank. Lanlik binne Noah en Emma it populêrst.
Dat Fryske âlders harren bern oare nammen jouwe as âlders bûten Fryslân, wurdt dúdlik út it oersjoch. Lanlik steane nammen as Hidde en Lieke nammentlik net iens yn de top tsien.
Ek de op ien nei populêrste namme yn Fryslân, Jurre, stiet lanlik net by de populêrste nammen. En oarsom stiet Noah, lanlik de populêrste namme foar jonkjes, net yn de Fryske top stien.

Populêrste jongesnammen yn 2022

Fryslân Nederlân
1. Hidde 1. Noah
2. Jurre 2. Liam
3. Sem 3. Luca
4. Jesse 4. Lucas
5. Melle 5. Mees
6. Liam 6. Finn
7. Milan 7. James
8. Finn 8. Milan
9. Luuk 9. Levi
10. Noud 10. Sem
Itselde is te sjen by famkes: yn Fryslân is Femke it populêrst, lanlik stiet dy namme net by de nammen dy't it faakst jûn binne. De populêrste Nederlânske namme, Emma, stiet yn Fryslân op trije.
Allinnich de nammen dy't faker as 25 kear jûn binne, steane yn de top 10. Dat hat mei privacy te krijen.

Populêrste famkesnammen yn 2022

Fryslân Nederlân
1. Lieke 1. Emma
2. Fenna 2. Julia
3. Emma 3. Mila
4. Eva 4. Sophie
5. Milou 5. Olivia
6. Yara
7. Saar
8. Nora
9. Tess
10. Noor
"Korte namen met niet meer dan vijf letters en drie of vier klanken blijven de boventoon voeren", seit Gerrit Bloothooft, nammesaakkundige oan de Universiteit Utrecht. Hy sjocht in ynternasjonale trend: "Noah en Emma staan in 2022 weer aan de top, zoals al jaren in veel Europese landen. Maar als Luca, Lucas en Luuk samengenomen worden, winnen die ruimschoots bij de jongens, net zoals Sara en Saar bij de meisjes."
Der binne ek nammen dy't wat uniker binne foar Nederlân. "Bij de topnamen zijn Mees, Sem, Daan, Luuk en Bram jongensnamen die je buiten Nederland weinig hoort, net zoals Yara, Saar, Noor, Tess en Milou voor meisjes."