Arriva komt reizgers yn 'e mjitte: moarns ien ekstra stop yn Dronryp en Deinum

It stasjon fan Deinum © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ferfierder Arriva lit fan moandei ôf moarns betiid ien ekstra trein stopje op de stasjons fan Deinum en Dronryp. Dêrmei komt Arriva foar in part de easken en winsken fan beide doarpen yn 'e mjitte, dy't it mei de nije tsjinstregeling mei minder treinen dwaan moatte.
Sûnt de ynfiering fan de nije tsjinstregeling, ôfrûne desimber, docht Arriva de stasjons Deinum en Dronryp noch mar ien kear yn 'e oere oan. Dat wie altyd twa kear. De nije tsjinstregeling rôp in soad protest op: by reizgers, by doarpsbelangen en ek by de polityk.
Arriva komt reizgers yn 'e mjitte: moarns ien ekstra stop yn Dronryp en Deinum
De wiziging fan de tsjinstregeling komt nei oerlis tusken Arriva mei de pleatslike belangen, de reizgersbelange-organisaasje en de provinsje Fryslân.

Ien ekstra rit mei stops

Fan moandei ôf is der ien ekstra rit mei stops yn Deinum en Dronryp: dat giet om de trein dy't moandei om 6.49 oere út Harns Haven wei rydt nei Ljouwert ta.
Nije tiden treinritten Harns Haven - Ljouwert:
- Trein fan 6.14 oere út Harns Haven wurdt no 6.10 oere, mei stop yn Dronryp en Deinum (dat wie al sa)
- Trein fan 6.49 oere út Harns Haven wurdt no 6.46 oere, mei stop yn Dronryp en Deinum (dat is nij)
Nije tiden treinritten Ljouwert - Harns Haven:
- Trein fan 5.45 oere út Ljouwert wurdt no 5.43 oere (sneltrein)
- Trein fan 6.19 oere út Ljouwert wurdt no 6.16 oere, mei stop yn Deinum en Dronryp (dat wie al sa)
- Trein fan 6.45 oere út Ljouwert wurdt no 6.43 oere (sneltrein)
Dat Arriva no wol moarns de twa ekstra stasjons op it trajekt Harns Haven - Ljouwert oandwaan kin, komt trochdat Arriva earder út Harns weirydt. Reizgers út de rjochting fan Harns kinne sa yn Ljouwert harren oansluting nei Grins of Zwolle noch hieltyd helje.
Letter op de dei is der neffens Arriva gjin romte yn de tsjinstregeling om mear ritten nei foaren te heljen. De oare ritten bliuwe dêrom itselde, mei ien kear yn 'e oere in stop yn Deinum en Dronryp.