CNV-foarsitter Piet Fortuin: "2023 wurdt bêst in swier jier"
De cao-leanen binne yn 14 jier tiid net sa hurd omheech gien as no. Dat litte de nijste sifers fan it CBS sjen. Likegoed is de ferheging fan it lean net genôch om de ynflaasje te kompensearjen.
Trochdat alles djoerder wurden is, binne ferline jier de cao-leanen mei 3,2 persint omheech gongen: de grutste ferheging sûnt 2008. Mar de kosten foar libbensûnderhâld binne noch folle hurder oprûn. Minsken moasten ferline jier 10 persint mear foar har boadskippen betelje as it jier derfoar.
"Troch de enerzjykrisis en de oarloch yn Oekraïne is de ynflaasje ferline jier hiel hurd omheech flein", seit Piet Fortuin, de Fryske foarsitter fan it fakbûn CNV. "Wy wolle dat foar in part wol werom ha yn de leanen."
"De saak ek iepen hâlde"
"De ferwachting is wol dat de ynflaasje it kommende jier alle moannen wat sakje sil. Mar it bliuwt heech, wy geane net samar wer nei 2 prosint."
Wurkjouwers kinne de leanen ek net samar ferheegje mei itselde persintaazje as de ynflaasje. "Je ha te krijen mei hege enerzjylêsten, it minimumlean dat yn jannewaris mei 10 persint omheech gongen is, en oare kosten. De leanen geane al foars omheech, mar wurkjouwers sizze dat se de saak ek iepen hâlde moatte."
It kabinet hat ek maatregels nommen om de effekten fan de ynflaasje op de keapkrêft wat te beheinen. "It kabinet docht wol it ien en oar, lykas it ferheegjen fan de AOW en it enerzjyplafond." Dêrmei binne de measte minsken der noch net, fynt Fortuin. "It dekt it allegear net."
En it leit neffens Fortuin ek net yn de ferwachting dat alles dit jier alwer normaal wurde sil. "2023 wurdt bêst in swier jier, op ekonomysk mêd sil it net it bêste jier wurde."
Fakbûn krijt it smoarende drok
Wol ferwachtet de CNV-foarsitter dat yn de rin fan it jier it herstel ynset. "Mar dat giet stadichoan. Minsken sille it yn de beurs noch wol fernimme, boadskippen binne djoer, enerzjy is djoer. En de leanen geane wol omheech, mar it sil it nea folslein kompensearje."
Fortuin tinkt dat it bûn it it kommende jier dêrom smoarende drok krijt. "Wy sille oan cao-tafels ús bêst dwaan om de leanen safolle mooglik te ferheegjen."