Saak oer neppornofideo Welmoed Sijtsma leit no by Iepenbier Ministearje

Welmoed Sijtsma yn oktober by it Televiziergala © ANP
It ûndersyk nei de man dy't derfan fertocht wurdt in neppornofideo makke te hawwen fan WNL-presintator Welmoed Sijtsma is klear. De saak is oerdroegen oan de offisier fan justysje. Dy bestudearret de saak no en moat dan beslute oer ferfolchstappen.
Dat hat in wurdfierder fan it Iepenbier Ministearje yn Amsterdam tongersdei bekend makke. It is net bekend hoelang't it duorret foardat in beslút naam is.
De plysje melde begjin novimber dat se in 38-jierrige man oppakt ha dy't fertocht wurdt fan it meitsjen en fersprieden fan it filmke. De fertochte is heard en wer frijlitten, yn ôfwachting fan de resultaten fan it ûndersyk.

Welmoed en de sexfakes

De saak krige in soad omtinken trochdat Sijtsma in telefyzjerige makke wêryn't se yn de wrâld fan nepseksfideo's dûkt is. Foar de rige prate se mei eksperts en ek mei oare BN'ers dy't opdûkten yn deepfakes. Se woe mei it programma omtinken freegje foar it feit dat hieltyd faker bylden fan bekende en ûnbekende minsken brûkt wurde om saneamde deepfake porno te meitsjen.
Uteinlik slagge it Sijtsma om fia in chat yn petear te gean mei de makker fan de seksfideo wêryn't se te sjen wie. Dat petear is yn novimber útstjoerd yn it programma Welmoed en de sexfakes.
Fan alle nepfilms dy't online steane is neffens Sijtsma 96 persint porno. Alle moannen wurde tûzenen nepfideo's online set en miljoenen kear besjoen. In mearderheid yn de Twadde Keamer wol de deepfaketechnology, wêrmei't nepfideo's makke wurde kinne, yn guon gefallen ferbiede.