'Hege temperatueren: heakoartsseizoen no al begûn'

Heakoarts © ANP
Min nijs foar minsken dy't allergysk binne foar stomoal. We sitte noch folop yn de wintertiid, mar it heakoartsseizoen is no al begûn. It is te waarm foar de tiid fan it jier. Dat meldt de waarsite Weeronline.
Troch de útsûnderlik hege temperatueren komme de earste elzekatsjes en hazzenuten no al út. Dy bloei giet de kommende dagen noch wol efkes troch. Omdat it reint en fochtich waar is, bliuwt it tal klachten no noch beheind. As it drûch waar is, kinne minsken dy't gefoelich binne foar stomoal ('stuifmeel', ek wol 'pollen' neamd) allergyske reaksjes krije.
Dizze wike is it mei maksima fan in graad of 12 oerdeis tige myld, sa meldt Weeronline. Gewoanwei is it yn dizze tiid fan it jier oerdeis sawat 6 graden en lizze de temperatueren nachts om it friespunt hinne.

Froast is fier te sykjen

Yn de provinsje Fryslân lizze de maksimumtemperatueren in bytsje leger. De kommende dagen is it oerdeis tusken de 10 en 8 graden. De froast is fier te sykjen, want nacht sakket it kwik net leger as plus 5 graden. It bliuwt foarearst wiet. Foar alle dagen wurdt de kommende tiid delslach foarsein yn Fryslân.
Bewenners fan it Fryske kustgebiet hawwe oer it algemien minder lêst fan heakoarts, sa is te sjen op de saneamde 'pollenkaart' mei aktuele ferwachtings op de site hooikoortsradar.nl. Dêr sil nei alle gedachten de wyn en it iepen lânskip in rol yn spylje. Yn de rest fan Fryslân is de oerlêst ek minder as bygelyks yn it midden fan it lân.

Bjirk

Neffens Weeronline hawwe aardich wat minsken lêst fan stomoal fan elzekatsjes en de hazzenuten. Noch mear minsken binne allergysk foar stomoal fan bjirken. Dy beammen bloeie gewoanwei benammen yn april. De bjirk feroarsaket fan alle beammen de measte klachten by heakoartspasjinten.